bronnen

Eindexamen fries havo 2004, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Rottweilers

13p
Wêr docht út bliken dat meester Vrijbuiter ûnotterdoks wie? Brûk net mear as 10 wurden.
24p
Yn alinea 3 en 4 wurdt de kat beskreaun. Neam twa eigenskippen út dat tekstpart dy’t net
oerienkomme mei it natuerlik aard fan it bist.
36p
Lis dúdlik út wêrom’t in liuw in ideaal húsdier wêze soe en in kat eins net. Brûk net mear
as 20 wurden.
43p
Hoefolle minsken wurde elk jier biten troch har eigen rottweiler?
A 12000.
B Mear as 2400.
C 2400.
D Minder as 2400.
Bewearing 1: Neffens de skriuwer is de rottweiler net geskikt as húsdier, omdat er in te
grutte bek hat.
Bewearing 2: Neffens it regear is de rottweiler net geskikt as húsdier, omdat er in te grutte
bek hat.
54p
Hokker bewearing(en) is/binne wier?
A Allinne bewearing 1 is wier.
B Allinne bewearing 2 is wier.
C Beide bewearingen binne net wier.
D Beide bewearingen binne wier.
De folgjende ynlieding heart by de fragen 6 o/m 8:
Yn in tekst kinne de folgjende soarten ferbannen in rol spylje: ferlykjend ferbân,
foarweardlik ferbân, konkludearjend ferbân, opsomjend ferbân, redenjouwend/oarsaaklik
ferbân, tsjinstellend ferbân.
63p
Hokker soarte ferbân bestiet der tusken alinea 5 en 6?
73p
Hokker soarte ferbân bestiet der tusken alinea 5 en 6 oan ’e iene kant en alinea 7 oan ’e
oare kant?
86p
Hokker soarte ferbân bestiet der tusken it tekstpart alinea 5 o/m 8 en it tekstpart alinea 9
o/m 13? Ljochtsje dyn antwurd ta. Brûk net mear as 25 wurden.
94p
Hokker twa betingsten wurde yn alinea 13 neamd? Brûk net mear as 15 wurden.
103p
Hokker hûnerassen wurde yn de tekst neamd?
113p
De skriuwer
A is it foar in part iens mei de rottweilerbazen.
B is it folslein iens mei de rottweilerbazen.
C is it folslein ûniens mei de rottweilerbazen.
126p
Wat is de haadgedachte fan tekst 1? Brûk net mear as 10 wurden.
133p
Ta hokker tekstsoarte heart tekst 1?
A Utiensetting.
B Skôging.
C Riddenearring.

opgave 2Tekst 2 Simmerske lûden oer Fryske sporten

De skriuwer makket trije krityske opmerkingen yn ferbân mei de troch de redaksjes keazen
sporten.
146p
Hokker opmerkingen binne dat? Helje dyn antwurd út alinea 1 en 3. Brûk net mear as
30 wurden.
Neffens de redaksjes fan de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân spylje by Fryske sporten
‘folklore en regionale sentimenten’ in grutte rol. Breuker neamt noch twa saken dy’t
typearjend binne foar Fryske sporten.
154p
Hokker saken binne dat? Helje dyn antwurd út alinea 4.
‘mar dat... Teake Triemstra’ (rigels 34-36).
163p
Mei wat foar oantreklik opsicht út alinea 5 komt dat oerien?
De earste sin fan alinea 6 (‘By de... dêrom minder?’) bestiet út in konstatearring en in
fraach.
Bewearing 1: De rest fan alinea 6 jout in neiere útlis by de konstatearring.
Bewearing 2: De rest fan alinea 6 jout antwurd op de fraach.
174p
Hokker bewearing(en) is/binne wier?
A Allinne bewearing 1 is wier.
B Allinne bewearing 2 is wier.
C Beide bewearingen binne net wier.
D Beide bewearingen binne wier.
In drôchreden dy’t wol gauris brûkt wurdt, is de generalisaasje. It tsjinoerstelde bart soms
ek: in eigenskip dy’t tige algemien is, wurdt eksklusyf taskreaun oan ien of inkele
persoanen, groepen of kategoryen.
187p
Yn hokker twa alinea’s fan tekst 2 is dat it gefal? Motivearje dyn antwurd. Brûk net mear as
80 wurden.
193p
De skriuwer wol mei dizze tekst
A in stelling bestride.
B in stelling ferdigenje.
C in stelling nuansearje.
Neffens de redaksjes fan de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân spylje by Fryske sporten
‘folklore en regionale sentimenten’ in grutte rol.
206p
Hoe tinkt Breuker dêroer?
A Dêr is Breuker it mei iens; hy soe graach wat oan de sitewaasje fan de Fryske sporten
feroarje wolle.
B Dêr is Breuker it mei iens; hy wol de sitewaasje fan de Fryske sporten lykwols graach hâlde
sa’t dy is.
C Dêr is Breuker it net mei iens; hy soe lykwols graach wat oan de sitewaasje fan de Fryske
sporten feroarje wolle.
D Dêr is Breuker it net mei iens; hy wol de sitewaasje fan de Fryske sporten graach hâlde sa’t
dy is.

opgave 3Tekst 3 Stimulânsen om Frysk yn ’e rjochtseal te brûken strienedich

2131p
Meitsje in gearfetting fan de tekst. Soargje derfoar dat de haadgedachte fan elke alinea
dúdlik nei foaren komt. Beskriuw de besteande sitewaasje, neam de maatregels dy’t al
nommen binne en de maatregels dy’t winsklik binne.
Brûk net mear as 200 wurden.
√(Einde)
Lees verder