bronnen

Eindexamen fries havo 2003, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Fuotbal is gewoan fuotbal

‘Ik hie lykwols altyd wat begrutsjen mei him’ (r. 6)
12p
Hokker fan de ûndersteande beskriuwings slacht/slane net op de ‘begrutlike’ keeper?
1 even hingjen bliuwe
2 de altyd fernederjende gong
3 it fersleine gesicht
4 keninklik delfalle
5 mei de holle foardel
6 mei in sleauwe traap
23p
Wat wurdt yn rigel 24 bedoeld mei ‘spul’? Brûk net mear as 5 wurden.
‘Alles ûnder kontrôle.’ (r. 24)
33p
Bestriid of ferdigenje mei net mear as 15 wurden de folgjende bewearing: Ut alinea 9 docht
bliken dat SC Heerenveen ek it spul ûnder kontrôle hat.
43p
Bestriid of ferdigenje mei net mear as 15 wurden de folgjende bewearing: Ut alinea 12
docht bliken dat SC Heerenveen ek it spul ûnder kontrôle hat.
54p
Op hokker wize beskriuwt Bralts de gong fan saken by SC Heerenveen yn alinea 5?
A ferhearlikjend
B gekoanstekkerich
C mei grutskens
D saaklik
64p
Sitearje út alinea 6 de twa sinparten dy’t de twa ferskillende trainingsmetoaden koart en
dúdlik foarinoar oer stelle.
74p
Wêrom soe De Haan gjin spilers as Romario, Maldini, Scholes en Batistuta yn syn team ha
wolle?
A Sy binne net genôch dissiplinearre.
B Sy drage in hierbantsje.
C Sy hawwe it shirt by de broek út.
D Sy hawwe te min atletysk fermogen.
84p
Meitsje dúdlik dat yn r. 42-43 (In hierbantsje … fersoarge útsjen) in drôchreden brûkt
wurdt. Brûk net mear as 10 wurden.
Yn rigel 52-53 wurdt praat oer in rjochtingestriid tusken ‘skoalmasters en praktyktrainers’.
94p
Hokker fan de folgjende trainers binne ‘praktyktrainers’?
1 Foppe de Haan
2 Johan Cruyff
3 Willem van Hanegem
4 Louis van Gaal
5 Alec Ferguson
6 Jackie Charlton
Yn r. 52-53 wurdt praat oer in rjochtingestriid tusken ‘skoalmasters en praktyktrainers’.
104p
Oan hokker kant stiet de skriuwer, dy fan de ‘skoalmasters’ of dy fan de ‘praktyktrainers’?
Motivearje dyn antwurd troch in sinpart te sitearjen út alinea 10 oant en mei 15.
114p
Wêrom soe Bralts it boek fan Kees ’t Hart it nijsgjirrichst fine? Basearje dyn antwurd op de
tekst. Brûk net mear as 20 wurden
De tekst kin ferdield wurde yn fjouwer dielen.
122p
By hokker alinea begjint diel 2?
132p
By hokker alinea begjint diel 3?
142p
By hokker alinea begjint diel 4?
Bewearing I: De tekst wol oertsjûgje.
Bewearing II: De tekst wol oantrune.
154p
Hokker bewearing(en) is/binne wier?
A Allinne bewearing I is wier.
B Allinne bewearing II is wier.
C Bewearing I en II binne beide wier.
D Bewearing I en II binne beide net wier.

opgave 2Tekst 2 Twataligens en yntelliginsje

‘Opfallend is … spylje sil.’ (r. 7-9)
164p
Hokker drôchreden ûnderkent Ytsma hjir yn de riddenearring fan de ûnderwiisminsken?
A In te hastige generalisaasje
B In ûnkrekt berop op kausaliteit
C It autoriteitsargumint
D It meitsjen fan in ferkearde fergeliking
Sjoch alinea 3.
173p
Wat is neffens Ytsma de oarsaak fan it yntelliginsjeferskil tusken de ientalige en de
twatalige learlingen yn it Welske ûndersyk? Brûk net mear as 15 wurden.
183p
Wat is it ferbân tusken alinea 3 en 4?
194p
Ferklearje wêrom’t twatalige bern minder muoite ha om frij en abstrakt oer taal te tinken as
ientalige bern. Brûk net mear as 15 wurden.
203p
Wat is it ferbân tusken alinea 5 en 6?
Basisskoallelearlingen yn Fryslân prestearje gemiddeld minder goed op rekkenjen en
Nederlânske taal.
216p
Wêrom tinkt Ytsma dat de twataligens fan de Fryske bern dêrby net in rol spilet?
Neam trije redenen. Brûk net mear as 40 wurden
222p
Ta hokker tekstsoarte heart de tekst?

opgave 3Tekst 3 It bedriuwslibben en it Frysk

2335p
Meitsje in gearfetting fan de tekst en behelje dêryn it folgjende:
• de rol dy’t it Frysk en Fryslân spylje yn Fryske bedriuwen,
• de miening en de arguminten fan de ûndernimmers yn ferbân mei it plaknammebelied,
• har hâlding foar it Frysk oer, yn har eigen bedriuw en yn it algemien,
• de tebekgong fan it tal Fryskpraters en de oarsaken dêrfan,
• de takomst fan it Frysk.
Brûk net mear as 175 wurden
√(Einde)
Lees verder