bronnen

Eindexamen fries vwo 2022, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Wêr is de nije Trinus en wat as er net komt?

Yn de ynlieding boppe de tekst makket de skriuwer in ferlyk tusken in
situaasje yn 1964 en ien fan hjoed-de-dei.
11p
Sitearje de sin dy’t de oergong tusken de beide beskriuwingen fan dy
situaasjes foarmet.
“Mar foar de leafhawwer wie der yn alle gefallen wol oanbod.” (r. 3-4)
21p
Sitearje de sin út de earste alinea dy’t de ynhâld fan it boppesteande
sitaat it bêste stipet.
31p
Lis yn eigen wurden út wat de skriuwer bedoelt mei: “Yn ’e poëzy mei it
noch hinnebruie, mar mei de roman hat it der wol oan.” (r. 8-10)
It tekstpart “Geart Tigchelaar... wol sawat.” (r. 22-31) is in opsomming.
41p
Wêr steane yn de opsomming de jiertallen by de nammen foar?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 5 en 6.
Yn de alinea’s 2 en 3 wurde in tal redenen jûn wêrom’t benammen
jongerein net mei in Frysktalich romandebút komt.
52p
Helje út alinea 2 trije redenen.
62p
Helje út alinea 3 trije redenen.
71p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 3 en 4?
A in ferlykjend ferbân
B in foarweardlik ferbân
C in redenjaand ferbân
D in útlizzend ferbân
Yn alinea 4 wurdt skreaun oer Fryske skriuwers yn de perioade fan
rûchwei 1950 oant 1990.
81p
Sitearje it sinpart út alinea 4 dat it bêste oanjout wat sy berikten.
Yn alinea 4 giet it ûnder oare oer in minder hege sosjale status.
91p
Wêr yn de tekst hat dy status ek al oan de oarder west?
A yn de ynlieding
B yn alinea 1
C yn alinea 2
D yn alinea 3
Yn alinea 5 stiet dat immen oer yntrinsike motivaasje beskikke moat om te
kiezen foar skriuwen yn it Frysk (r. 134-137).
102p
Hokker twa oare motivaasjes foar skriuwen yn it Frysk wurde yn alinea 5
neamd?
Yn it tekstpart dat bestiet út de alinea’s 5 en 6 giet de skriuwer yn op
mooglikheden om nije skriuwers te helpen.
112p
Wat kin neffens de skriuwer dien wurde?
Helje út elke alinea ien idee.
Yn alinea 6 seit Meindert Reitsma: “Fansels moatte de skriuwers it úteinlik
sels wolle en dwaan” (r. 154-155). Geart Tigchelaar seit yn alinea 5
itselde mei krekt wat oare wurden.
121p
Sitearje de oanbelangjende sin.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 13 en 14.
Ut alinea 8 docht bliken dat Meindert Reitsma tinkt dat it mooglik
ferdwinen fan Frysktalige romans net perfoarst betsjut dat dat ek bart mei
de Fryske literatuer.
133p
Helje út alinea 8 trije redenen dy’t er foar dy ferwachting jout.
141p
Jou yn ien sin oan wat der neffens Meindert Reitsma al feroarje moat om
tefoaren te kommen dat de Fryske literatuer úteinlik ferdwine sil.
Helje dyn antwurd út alinea 9.
Yn alinea 9 stiet dat it festival Explore the North te min oan de Frysktalige
kultuer dwaan soe.
151p
Op hokker wize liket de organisaasje fan Explore the North oan dy krityk
temjitte te kommen?
Reitsma praat yn alinea 10 fan “nije soerstof yn it literêre fjild te blazen”
(r. 248-249).
161p
Hokker stylmiddel brûkt Reitsma yn dy útspraak?
A in hyperboal
B in metafoar
C in paradoks
D in personifikaasje
Onderstaande inleiding hoort bij de vragen 17 en 18.
“Mar it soe wolris kinne, dat sa’nen har of him manifestearret as vlogger.”
(r. 250-252)
171p
Wat bedoelt de skriuwer mei dy sin?
181p
Hokker karakter hat dy ôfslutende sin?
A It is in ferwachting.
B It is in konklúzje.
C It is in mooglikheid.
D It is in warskôging.
191p
Hokker konklúzje past it bêste by dizze tekst?
A Fryske romanskriuwers binne op leeftiid.
B It oanbod fan Fryske romans rint tebek.
C It tal Fryske dichters rint tebek.
201p
Wat is it wichtichste skriuwdoel fan dizze tekst?
A lêzers ferdivedearje mei in nijsgjirrich ferhaal oer de Fryske literatuer
B lêzers ynformearje oer feroarjende aspekten binnen de Fryske
literatuer
C lêzers oantrune om aktyf bydragen te leverjen oan de Fryske literatuer
D lêzers oertsjûgje fan it feit dat it de ferkearde kant útgiet mei de Fryske
literatuer

opgave 2Tekst 2 Siik fan stress

“‘Te folle ynformaasje is min foar de sûnens’” (r. 1-2).
211p
Sitearje út alinea 1 de sin dy’t de gefolgen foar de sûnens it bêste werjout.
“‘Wêr binne de lytse, tankbere amerijkes dat men efkes wachtsje moast
ear’t men wist wêr’t men hinne soe?’” (r. 35-38)
221p
Lis út wat Faith Popcorn mei dy sin sizze woe.
231p
Hoe slút alinea 2 oan op alinea 1?
A Alinea 2 foarmet in skeakel nei hjoed-de-dei.
B Alinea 2 formulearret in wjerlizzing fan it foargeande.
C Alinea 2 yntrodusearret it stânpunt fan de skriuwster.
D Alinea 2 jout in ferklearring by it foargeande.
Yn alinea 2 komt berne-ombudsman Margitte Kalverboer oan it wurd.
241p
Hokker nij aspekt draacht sy oan oangeande it tema ‘siik fan stress’?
252p
Hokker twa eleminten foeget de skriuwster yn alinea 3 ta oan it byld fan
stress dat sy oant dan ta beskreaun hat?
261p
Hokker beskriuwing past it bêste by it tekstpart dat bestiet út de
alinea’s 4 en 5?
De skriuwster jout wer hoe’t it stresssysteem fan de minske
A fan histoarysk perspektyf út te ferklearjen is.
B ferskilt fan it stresssysteem fan bisten.
C syn plak krige hat yn it minsklik lichem.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 27 en 28.
“Neidat de fisk syn yntree dien hie, goed fiifhûndert miljoen jier ferlyn, is
oan it stresssysteem fan libbene organismen net sa’n soad mear
taheakke.” (r. 121-125). Yn it ferfolch fan alinea 5 nuansearret de
skriuwster dy konstatearring.
271p
Sitearje it sinpart dêr’t de skriuwster dy nuânsearring mei oantsjut.
282p
Wat is de ynhâld fan dy nuansearring?
Neam de twa ûntjouwingen yn it stresssysteem.
“As ús fiere foarfaars efter in strûk in bewegend stal seagen dêr’t se in
liuw yn mienden werom te kennen, dan sloech harren stresssysteem
daliks oan.” (r. 137-141)
291p
Hoe slút it ferfolch fan alinea 5 oan op dy sin?
“mei in bytsje mazzel siet er heech en dreech yn in beam by de tiid dat de
liuw him mei de bek wiid iepen besprong.” (r. 151-155)
301p
Hokker fan de neamde stressresponsen (r. 149-150) wurdt yn it sitaat
beskreaun?
Yn alinea 6 giet de skriuwster yn op stressoaren yn de moderne tiid.
311p
Hoe komt it neffens de skriuwster dat dat stressgefoel hjoed-de-dei in
gruttere rol spilet?
Yn de lêste sin fan alinea 6 brûkt de skriuwster it wurd ‘paradoksaal’.
321p
Lis út om hokker paradoks oft it hjir giet.
Alinea 7 begjint mei in fraach. Yn deselde alinea jout de skriuwster
antwurd op dy fraach. Dat antwurd bestiet út twa eleminten.
332p
Hokker twa eleminten binne dat?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 34 en 35.
Yn it begjin fan alinea 8 konstatearret de skriuwster dat it net maklik is om
oplossingen te finen foar ‘it stûkjende stresssysteem.’
341p
Wêrom is dat net maklik neffens alinea 8?
Neam twa redenen.
351p
Wat kin it yndividu dwaan om stressrelatearre problemen oan te pakken?
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 36 tot en met 38.
Op grûn fan de ynhâld kinst de tekst yn trije haadparten ferpartsje:
Part 1: kommintaren op de stressproblematyk út de lêste desennia
Part 2: skets fan de ûntwikkeling fan it ferskynsel stress
Part 3: stressproblematyk yn ’e moderne tiid
Part 4: mooglikheden om mei stress om te gean
361p
By hokker alinea begjint part 2?
A alinea 2
B alinea 3
C alinea 4
D alinea 5
371p
By hokker alinea begjint part 3?
A alinea 4
B alinea 5
C alinea 6
D alinea 7
381p
By hokker alinea begjint part 4?
A alinea 6
B alinea 7
C alinea 8
391p
Wat is de haadgedachte fan dizze tekst?
A It fiskebrein jout yn prinsipe de mooglikheden om hjoeddeiske
stressferskynsels te bestriden.
B It minslik stresssysteem is net taret op de spanningen fan de
komplekse hjoeddeiske maatskippij.
C Minsken kinne troch selsûndersyk leare hoe’t se omgean moatte mei
stressoaren.
D Stressoaren soargje yn tanimmende mjitte foar gefaarlike
sykteferskynsels.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.