bronnen

Eindexamen fries vwo 2011, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Frysk boargerskip yn de 21ste ieu

11p
Hokker funksje hat alinea 1?
A anekdoate
B gearfetting
C konklúzje
D probleemstelling
Yn alinea 2 fertelt Looper oer syn eigen ûnderfining mei it plak fan de Slach by
Warns.
21p
Hokker funksje hat syn ferhaal?
A argumintaasje by de sin “Mei dat dilemma... skerp te setten.” (r. 14-17)
B argumintaasje by de sin “As der earne... op it Reaklif.” (r. 17-20)
C ferantwurding fan syn taspraak
D útlis fan syn refleksje
Looper fynt fan jongs ôf it Reaklif in ‘magysk plak’ (alinea 2).
31p
Wat is dêrom de kearnsin fan alinea 2 en 3?
41p
Mei hokker wurd jout Looper in negative gefoelswearde oan de betinking fan de
Slach by Warns?
Alinea 3 kin yn trije parten ferdield wurde.
53p
Jou oan wat dy trije parten binne en jou de funksje fan elk part oan. Kies dêrby
út de begripen: anekdoate, argumintaasje, gearfetting, konklúzje, ôfwaging en
stelling.
“De ‘delokalisearring’ is in ramp foar goed boargerskip” (r. 95-96).
63p
Yn hokker twa tinkstappen komt Looper ta dy konklúzje? (Brûk foar it antwurd
net mear as 30 wurden.)
“As de Waadferiening der yn de tolfde ieu al west hie, wat soe dy protestearre
ha tsjin de bedikings” (r. 104-106).
71p
Soe Looper it mei dat midsieuske protest iens west hawwe, of net?
A Ja, want wy moatte de feroaring fan it lânskip tsjinhâlde.
B Ja, want wy moatte it útwiskjen fan it ûntstean fan it lânskip tefoaren komme.
C Nee, want de feroaring is net slim.
D Nee, want wy steane der yn Fryslân noch ridlik goed foar.
De sprekker hat it oer ‘lânskipstradysje’ en ‘kollektyf ferline’ (r. 122-123) en hy
neamt fjouwer begripen yn alinea 7: ‘tiid’, ‘romte’, ‘kollektyf ferline’ en ‘lânskip’.
83p
Hoe past it begryp ‘lânskipstradysje’ by de oare fjouwer begripen?
(Brûk foar it antwurd net mear as 20 wurden.)
Yn alinea 7 stelt Looper de fraach oft in nije boarger yn Fryslân de taal (it Frysk)
nedich hat.
91p
Sitearje de sin út dy alinea dy’t Looper syn antwurd jout op dy fraach.
Looper wol dat der dúdlik ûnderskied makke wurdt tusken profesjonele funksjes
yn Fryslân en Frysk boargerskip.
102p
Wêrom fynt Looper dat ûnderskied fan belang? (Brûk foar it antwurd net mear as
20 wurden.)
“Assimilaasje slagget net neigeraden dat men de taal fan it nije lân better
behearsket, mar neigeraden dat men ek it nije kollektive ferline as part fan it
eigen ik belibje kin.” (r. 179-183).
112p
Hokker paradoksale konsekwinsje hat sa’n eask foar de nijkommers?
(Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.)
Yn alinea 9 pleitet Looper foar in bredere betinking yn de takomst.
122p
Oan watfoar ynhâldlik betingst moat sa´n bredere betinking foldwaan?
133p
Hoe ûnderbout Looper yn syn taspraak de stelling “wy meitsje it ferline eksklusyf
en dêrmei jouwe wy oan dat wy de takomst ek eksklusyf meitsje wolle” (alinea
9)? (Brûk foar it antwurd net mear as 40 wurden.)
141p
Hokker kar makket Looper by eintsjebeslút as er kieze moat tusken lân en taal?
A Lân, want hy seit dat it kollektyf ferline bewarre bliuwe moat yn it lânskip.
B Lân, want hy seit dat Frysk foar goed boargerskip net needsaaklik is.
C Taal, want hy stelt dat taal de kaai is ta in goed begryp fan alles wat der om
jo hinne bart.
D Taal, want sûnder taal is der gjin kultuer.
De titel fan de tekst is ‘Frysk boargerskip yn de 21ste ieu’.
152p
Wat is it wichtichste ferskil tusken it Frysk boargerskip yn de 21ste ieu en it
Frysk boargerskip earder?
161p
Wat is it belangrykste skriuwdoel fan de tekst?
A ynformearje oer it belang fan de slach by Warns
B oertsjûgje fan it belang fan goed boargerskip
C oertsjûgje fan it belang fan in kollektyf ferline
D oantrune ta it opheffen fan it ferskil tusken Fryske kultuer en kultuer yn
Fryslân

opgave 2Tekst 2 Hoe’t de provinsje Fryslân dochs noch Amearika

ûntduts
171p
Hokker funksje hat alinea 1?
A fraachstelling
B gearfetting
C konklúzje
D oanlieding
“By einstjebeslút krige … de parlemintêre demokrasy” (r. 25-29).
181p
Hokker stylfiguer brûkt de skriuwer hjir?
A irony
B paradoks
C tsjinstelling
D understatement
191p
Hokker fan de arguminten dy’t Jorritsma oanfiert tsjin de krityk fan it kabinet hat
betrekking op de omfang fan de Fryske delegaasje en net op it belang?
De skriuwer wiist yn de lêste sin fan de earste alinea foarút op in oar opmerklik
aspekt.
201p
Hokker aspekt is dat neffens de folgjende alinea’s?
“Foar Fryslân wie dy Compagnie in pynlike kwestje” (r. 38-39).
212p
Wat hat de Friezen yn de skiednis mei de WIC it measte sear dien? (Brûk foar it
antwurd net mear as 15 wurden.)
221p
Hokker twa soarten fan arguminten brûkt de skriuwer yn de twadde sin fan
alinea 3?
A arguminten op grûn fan autoriteit en empiryske arguminten
B empiryske arguminten en feitlike arguminten
C feitlik arguminten en kausale arguminten
D kausale arguminten en arguminten op grûn fan autoriteit
De skriuwer hat krityk op it boek oer de Friezen yn Amearika.
233p
Hokker punt(en) fan krityk hat de skriuwer. (Brûk foar it antwurd net mear as 15
wurden.)
It boek Gevierde Friezen in Amerika tsjinnet in polityk doel, stelt de skriuwer oan
it begjin fan alinea 4.
242p
Hokker doel hie neffens de skriuwer it útbringen fan it boek Gevierde Friezen in
Amerika?
251p
Hokker doel hie neffens de skriuwer it stjoeren fan de Fryske delegaasje nei
New York?
261p
Hokker soarte fan argumintaasje wurdt brûkt yn alinea 6 om it al of net
wolslagjen fan de Fryske dei yn New York te beskriuwen?
A argumintaasje op grûn fan autoriteit
B argumintaasje op grûn fan empirysk ûndersyk
C argumintaasje op grûn fan fergeliking
D argumintaasje op grûn fan kausaliteit
“Wy sille mar net mear freegje wat 1782 mei 1609 te krijen hat en ek net wêr’t ús
steateleden dan yn 1982 wienen, doe’t Nederlân en de USA twahûndert jier
Nederlânsk-Amerikaanske betrekkings fierden” (r. 199-205).
272p
Wêrom moat dêr mar net mear nei frege wurde?
De tekst kin nei alinea 1 yn twa stikken ferparte wurde.
283p
Tusken hokker alinea’s leit de grins? Motivearje it antwurd. (Brûk foar it antwurd
net mear as 20 wurden.)
292p
Wat bedoelt de skriuwer yn de lêste sin mei “derta feroardiele om de santjinde-
ieuske skiednis te werheljen”? (Brûk foar it antwurd net mear as 10 wurden.)
301p
Ta hokker tekstsoarte wurdt tekst 2 rekkene?
A ferslach
B redenearring
C skôging
D útiensetting
Tekst 1 en tekst 2
311p
Jou oan hokker eigenskip fan de Friezen yn beide artikels bekritisearre wurdt.
A It bûtensluten fan oare Nederlanners.
B It lizzen fan de klam op de betsjutting fan it eigen ferline.
C It te folle op eigen skiednis rjochte wêzen.
D It ûnterjochte grutsk wêzen op it eigene.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.