opgave 1Tekst 1 Herman van Veen
12pHoe stekt de argumintaasje yn alinea 1 yn elkoar? Brûk yn it antwurd ien of
mear kearen de begripen stelling, argumint en subargumint.
21pWat is it ferbân tusken de earste en de twadde alinea?
A opsomjend
B redenjouwend
C tsjinstellend
D útlizzend
31pHokker stylfiguer brûkt de skriuwer yn alinea 2?
A antyteze
B irony
C paradoks
D understatement
De stelling ‘met muziek kun je niet schieten’ wurdt yn alinea 3 beärgumintearre.
41pOm hokker soarte fan argumintaasje giet it hjir?
A argumintaasje op grûn fan autoriteit
B argumintaasje op grûn fan foarbylden
C empiryske argumintaasje
D kausale argumintaasje
51pHokker soarte fan argumintaasje brûkt de skriuwer yn alinea 4?
A argumintaasje op grûn fan autoriteit
B argumintaasje op grûn fan foarbylden
C empiryske argumintaasje
D kausale argumintaasje
61pFan hokker ferskynsel is sprake yn alinea 5?
A eufemisme
B generalisaasje
C irony
D paradoks
71pWat is it ferskil tusken ‘stikken’ yn alinea 5 en ‘stikken’ yn alinea 7?
A Yn alinea 5 giet it om it lijen fan muzykleafhawwers, yn alinea 7 om dat fan
winkelklanten.
B Yn alinea 5 hat ‘stikken’ in fysike betsjutting, yn alinea 7 is dy betsjutting
psychysk.
C Yn alinea 5 is ‘stikken’ net letterlik bedoeld, yn alinea 7 al.
D Yn alinea 5 wurdt ‘stikken’ bedoeld as geastlik kapot, yn alinea 7 hat
‘stikken’ de betsjutting fan wurch.
82pWêrom is it slim dat mannen as Herman van Veen en Stef Bos passy en gefoel
globalisearje (alinea 8)? Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
92pOm hokker twa redenen fynt de skriuwer dat Gordon foar it publyk oer krekt it
tsjinstelde is fan Herman van Veen en Stef Bos? Brûk foar it antwurd net mear
as 30 wurden.
Yn alinea 10 makket de skriuwer in fergeliking tusken it boadskip fan Herman
van Veen en wat de minsken mei krysttyd te hearren krije.
102pWat is de oerienkomst dêr’t dy fergeliking op basearre is?
Yn alinea 10 neamt de skriuwer Herman van Veen ‘in moraalridder ferklaaid as
clown’.
111pLis út wat er mei dy byldspraak sizze wol. Brûk net mear as 15 wurden
121pWat is de haadgedachte fan de tekst?
A De teksten fan Herman van Veen binne like agressyf as bygelyks dy
beruchte lietteksten dêr’t it Dútske Nasjonaal-Sosjalisme yn ferhearlike
wurdt.
B De útspraak van Herman van Veen ‘Met muziek kun je niet schieten’ doocht
net.
C Krysttyd wurdt net allinnich ûnthillige troch de kommersje, mar ek troch
sjongers as Herman van Veen en Stef Bos.
D Mannen as Herman van Veen en Stef Bos binne útsoarte gjin rasartysten.
131pTa hokker tekstsoarte moat de tekst rekkene wurde?
A redenearring
B resinsje
C skôging
D útiensetting
opgave 2Tekst 2 Eelke Lok wit der alles fan
Op de iepen fraach dêr’t alinea 1 mei einiget, jout de tekst letter dochs in
antwurd.
141pHokker antwurd is dat?
Eelke Lok seit fan himsels dat er op in stuit al wist wat der barre soe, wylst
Deputearre Steaten dêr noch net iens oer neitocht hienen. (r. 25-28)
152pMei hokker argumint soe Eelke Lok dat stânpunt ferdigenje kinne?
Helje it antwurd út alinea 4-5. Brûk net mear as 20 wurden.
161pLis út wat de skriuwer bedoelt mei in ‘spekulative wize fan redenearjen’. (r. 31-
32)
De skriuwer ornearret: “Faak kloppet it byld, bytiden ek net.” (r. 45)
172pIs dy bewearing oertsjûgjend? Neam twa redenen. Motivearje it antwurd yn net
mear as 15 wurden.
Yn alinea 4 komme politike kwestjes op it aljemint dy’t Willem Verf yn it boekje
fan Eelke Lok mist.
182pWat is de ynhâldlike oerienkomst tusken dy foarbylden? Brûk foar it antwurd net
mear as 10 wurden.
192pHoe ferklearret Willem Verf dat in stikmannich wichtige oangelegenheden út de
polityk fan de ôfrûne tritich jier yn Eelke Lok syn boek net oan de oarder
komme? Jou it antwurd yn eigen wurden en brûk net mear as 25 wurden.
“Provinsjale polityk wurdt bedreaun troch amateurs en dat is goed.” (r. 90-91)
Willem Verf is it yn wêzen iens mei de krityk dy’t op dy polityk útoefene wurdt.
201pWêrom is er dochs fan miening dat de wize dêr’t provinsjale polityk op bedreaun
wurdt, net ferkeard is? Beänderje de fraach yn net mear as 10 wurden.
211pWêrom fynt Willem Verf dat er syn stikje ‘yn styl’ ôfslút? Beänderje de fraach yn
net mear as 15 wurden.
221pHoe oardielet Willem Verf oer Eelke Lok syn boekje?
A It is in eigenwiis boekje mei in pear opfallende missers.
B It is in ferfeelsum boekje mei in synyske ûndertoan.
C It is in frij sinleas boekje mei sa no en dan in knap skreaun stik.
D It is in ûnderhâldend boekje mei in stikmannich minder slagge fragminten.
Eelke Lok hat as polityk kommentator in dúdlike ûntjouwing trochmakke.
231pKarakterisearje dy ûntjouwing mei twa wurden út de tekst. Jou mei ien wurd oan
hoe’t er út ein sette, en mei in oar wurd hoe’t er ophold.
241pHokker stylfiguer sprekt út de titel?
A hyperboal
B irony
C synisme
D taalboarterij
Let op: de laatste opdracht van dit examen staat op de volgende pagina.
opgave 3Tekst 3 De Wrede Muze
2518pMeitsje in gearfetting fan tekst 3.
Soargje derfoar dat dy gearfetting net mear as 200 wurden hat.
Yn de gearfetting moatte de haadgedachte en de struktuer fan it orizjineel
werom te finen wêze. Yn de gearfetting komme de neikommende ynformaasje-
eleminten foar:
− it lot en de funksje fan de dichter;
− de problemen en ljochtpunten en de ôfwaging dêrfan;
− de renessânse yn de Fryske poëzij.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.