bronnen

Eindexamen fries vwo 2006, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Oerheidskommunikaasje

11p
Hokker funksje hat de earste alinea?
A De earste alinea jout de probleemstelling oan.
B De earste alinea jout in gearfetting fan de tekst.
C De earste alinea jout yn it foaren de konklúzje fan de tekst.
D De earste alinea jout it ûnderwerp fan de tekst oan.
Yn alinea 2 giet it om twa tsjinstellings.
Earst giet it om de tsjinstelling tusken: A en B.
Dêrnei giet it om de tsjinstelling tusken: C en D.
22p
Hokker 4 wurden kinne ynfolle wurde op de plakken dêr’t no de letters A, B, C en D
steane?
Alinea 2 einiget mei de konstatearring dat it der al mei al in soad fan hat dat der mar wat
dien wurdt.
32p
Is dy konstatearring mei it foargeande yn dy alinea goed genôch beärgumintearre? Ljochtsje
it antwurd ta yn heechút 25 wurden.
41p
Wêrnei ferwiist it wurd ‘Dat’ dêr’t alinea 3 mei begjint?
It ferwiist nei:
A de hiele alinea 2.
B de sin: “Mar in... heart, mist.” (r. 23-24).
C de sin: “Yn de... fûn wurdt.” (r. 24-28).
D de sin: “It hat... dien wurdt.” (r. 29-30).
Neffens alinea 3 moat in oerheidsfoarljochter fan hjoed folle mear dwaan as syn foargonger.
52p
Yn hokker opsicht is it wurk fan de hjoeddeiske oerheidsfoarljochter lykwols makliker
wurden as dat fan syn foargongers? Jou it antwurd yn heechút 15 wurden.
62p
Jou de tsjinstelling oan tusken de taak fan de oerheidsfoarljochter fan earder en dy fan no,
sa’t dy yn alinea 3 tekene wurdt.
Yn alinea 3 wurdt boarte mei it wurd ‘boadskipjonge’.
71p
Meitsje dúdlik yn hokker twa betsjuttings dat wurd tagelyk brûkt wurdt. Brûk net mear as
20 wurden.
82p
Lis út om hokker spagaat it giet yn alinea 4. Brûk net mear as 20 wurden.
“De sjoernalist set it ommers wol yn de krante” neffens de lêste sin fan alinea 4.
91p
Wat set de sjoernalist yn de krante?
101p
Wat is it ferbân tusken alinea 4 en 5?
A oarsaaklik/redenjouwend
B opsomjend
C tsjinstellend
D útwreidzjend
111p
Hokker ynfloed hat de televyzje neffens alinea 5 op de berjochtjouwing oer de polityk?
A De televyzje jout in ferkeard byld fan it politike nijs.
B De televyzje liedt de oandacht ôf fan de politike problemen.
C De televyzje makket de bestjoerders populêr.
D De televyzje makket de polityk populêr by in grutte groep minsken.
Yn de earste sin fan alinea 6 stiet de passaazje “dat de wierheid … op syn bêst yn it meartal
bestiet”.
121p
Wat bedoelt de skriuwer mei dy opmerking? Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
Yn alinea 6 stiet de bewearing: “De demokrasy kin sa ferwurde ta in manipulaasje fan de
boargers troch politisy, kommunikative helpkrêften en net te ferjitten opinyhifkers” (r. 116-
119).
132p
Is dy ûntjouwing neffens de skriuwer in ûnûntkomber gefolch fan de postmoderne opfetting
dat de wierheid net bestiet, of tinkt er dêr oars oer? Ljochtsje it antwurd ta yn heechút 35
wurden.
141p
Ferklearje yn eigen wurden wat de skriuwer bedoelt mei syn útspraak yn alinea 6
“Imagology hat... ideology ynnommen” (r. 129-130). Brûk foar it antwurd net mear as 10
wurden dêr’t ‘foarm’en ‘ynhâld’ twa fan útmeitsje.
151p
Wat is de funksje fan alinea 7?
A Alinea 7 is bedoeld as opstapke foar de neikommende alinea.
B Alinea 7 is in bewiis foar de neikommende alinea.
C Alinea 7 is in foarbyld by de neikommende alinea.
D Alinea 7 makket it Fryske beliedsplan bespotlik.
Yn alinea 7 wurdt ferteld hoe’t in moderne oerheid heart te kommunisearjen.
Yn alinea 8 komme trije punten fan krityk op de Fryske gong fan saken nei foaren.
161p
Hokker trije punten fan krityk binne dat?
A De oerheidskommunikaasje is misliedend, iensidich en net saaklik.
B De oerheidskommunikaasje is net dúdlik, subjektyf en net fan grut belang.
C De oerheidskommunikaasje is net feitlik, persoanlik en te djoer.
D De oerheidskommunikaasje is net fris, net Frysk, en respektleas.
Yn alinea 9 komt de skriuwer ta in konklúzje.
171p
Ta hokker konklúzje komt de skriuwer?
A De foarljochters moatte better kontrolearre wurde.
B De foarljochters moatte better oplaat wurde.
C De foarljochters moatte har saakliker opstelle.
D De foarljochters moatte ôfskaft wurde.
It hiele stik troch wurdt der wakker mei Ingelske wurden struid: ‘you get what you pay for’,
‘lifestyle’, ‘28 foot... Super Stretch Limo’, ensfh.
182p
Wêrom wurde hjir gjin gewoane Fryske wurden brûkt?
194p
Neam twa ûnderskate foarmen fan subjektyf kleure taalgebrûk dy’t de skriuwer brûkt om
syn miening oer te bringen en sitearje by elk twa foarbylden.
201p
Sitearje út it tekstpart dat rint fan alinea 7 o/m 9 de sin dy’t as de haadgedachte fan it artikel
beskôge wurde kin.
212p
Jou yn ien sin fan heechút 10 wurden oan wêrom’t de politisy nei alle gedachten de advizen
fan Hemminga net opfolgje sille.
224p
Jou yn fjouwer aparte sinnen oan wêrom’t de tekst tagelyk ynformearjend, oertsjûgjend,
aktivearjend en ferdivedearjend bedoeld is.

opgave 2Tekst 2 Oer en wer mei de wrâld

2318p
8p23 Meitsje in gearfetting fan tekst 2.
Soargje derfoar dat dy gearfetting net mear as 200 wurden hat.
Yn de gearfetting komme de neikommende ynformaasje-eleminten foar:
• De probleemstelling;
• It positive gefolch fan de globalisearring;
• De negative gefolgen fan de globalisearring;
• De ôfwaging fan de kânsen op sukses foar Fryslân;
• De einkonklúzje.
√(Einde)
Lees verder