bronnen

Eindexamen fries vmbo gl/tl 2023, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Lânskipslûd

opgave als beeld van het examen
Wat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst? A De ynlieding bestiet út in konklúzje foarôf. B De ynlieding formulearret in gearfetting foarôf. C De ynlieding yntrodusearret de sjongster en har wurk. D De ynlieding jout in anekdoate oer de sjongster en har wurk.
Hokker rol spile it ûnderwerp natuer yn Nynke Laverman har libben as lyts famke? A De natuer wie foar Nynke benammen it plak dêr’t se opgroeide. B De teäterstikken dêr’t Nynke oan meidie, giene faak oer de natuer. C Nynke wie al op jonge leeftiid bewust fan de natuer om har hinne. D Nynke wie mear…

Hokker rol spile it ûnderwerp natuer yn Nynke Laverman har libben as lyts famke? A De natuer wie foar Nynke benammen it plak dêr’t se opgroeide. B De teäterstikken dêr’t Nynke oan meidie, giene faak oer de natuer. C Nynke wie al op jonge leeftiid bewust fan de natuer om har hinne. D Nynke wie mear dwaande mei thús boartsjen as mei de natuer.

Neffens alinea 2 hat Nynke leard fan har reis nei Mongoalië en hat sy dy ûnderfining brûkt as ynspiraasje foar it nûmer Neighbours . • Hokker ynsjoch soarge foar dy ynspiraasje?
Mei hokker fraach wrakselet Nynke as mem? A oft har bern it al begripe as sy oer polityk fertelle wol B oft har bern wol bûten boartsje kinne yn dizze wrâld C oft sy har bern derfan oertsjûgje kin hoe wichtich oft leafde is D oft sy har bern earlik fertelle moat oer de problemen yn de wrâld
Hokker útspraak jout it bêste oan wat yn alinea 2 oer de Nomaden en yn alinea 4 oer de Yndianen sein wurdt? A Nomaden en Yndianen fine beide dat alles lykweardich en oaninoar ferbûn is. B Nomaden fiele har diel fan in gehiel en Yndianen fine dat neat fan de minske is. C Nomaden fine dat de minske…

Hokker útspraak jout it bêste oan wat yn alinea 2 oer de Nomaden en yn alinea 4 oer de Yndianen sein wurdt? A Nomaden en Yndianen fine beide dat alles lykweardich en oaninoar ferbûn is. B Nomaden fiele har diel fan in gehiel en Yndianen fine dat neat fan de minske is. C Nomaden fine dat de minske net better is as in stien of rivier, Yndianen hawwe eigen grûn. D Nomaden sette de minske boppe-oan en Yndianen sette de natuer boppe-oan.

Yn de alinea’s 3 en 4 fertelt Nynke oer har bern. • Neam út elke alinea ien ding dat Nynke har jonges leare wol.
“’Dat pakt goed út’” (rigel 79) Wêr ferwiist it wurd ‘dat’ yn dy sin nei? A hoe’t Nynke har album nei bûten ta bringt B hoe’t Nynke har projekt persoanlik belibbet C hoe’t Nynke har publyk djipgong oanbiedt
opgave als beeld van het examen
Oan de ein fan alinea 5 wurdt trije kear ferwiisd nei stilstân. • Wêrtroch stie it libben foar Nynke stil?
Nynke fertelt dat de perioade fan stilstean foar har as persoan ek positive effekten hie. • Neam trije dingen út alinea 5 dy’t dy perioade Nynke opsmiten hat.
Hokker kopke past it bêste boppe alinea 6? A De tiid nimme B In nije libbenswize C Rûtines en gewoanten D Sabbatical
Sitearje de sin dêr’t Nynke in aksje yn neamt dy’t se ûndernimt yn it ramt fan har húshâldlike feroaringen.
Hokker útspraak past it bêste by alinea 7? Nynke hat it gefoel dat se A in plant mei de woartels stevich yn ’e grûn is. B mear omtinken jaan moatte soe oan oerfolken. C net altyd goed past yn de Westerske wrâld.
Yn de tekst leit Nynke ûnder mear út hoe’t se har nij album Plant presintearret oan har publyk. Yn it skema hjirûnder steane dêr fjouwer bewearingen oer. • Set yn it skema op dyn útwurkblêd by elke bewearing in krúske ûnder ‘wier’ of ‘net wier’. bewearing Nynke biedt troch it jier hinne fragminten…

Yn de tekst leit Nynke ûnder mear út hoe’t se har nij album Plant presintearret oan har publyk. Yn it skema hjirûnder steane dêr fjouwer bewearingen oer. • Set yn it skema op dyn útwurkblêd by elke bewearing in krúske ûnder ‘wier’ of ‘net wier’. bewearing Nynke biedt troch it jier hinne fragminten oan en bringt it album oan de ein fan it jier út. Nynke jout by elk liet eftergrûnynformaasje yn in

Yn de tekst fertelt Nynke ûndere oare oer hoe’t se de minske besjocht. Hokker útspraak past it bêste by har byld fan de minske? A De minske en de natuer binne tige ferskillend. B De minske feroarsaket klimaatfersteuring. C De minske is ûnderdiel fan in grutter gehiel. D De minske kin him oeral op…

Yn de tekst fertelt Nynke ûndere oare oer hoe’t se de minske besjocht. Hokker útspraak past it bêste by har byld fan de minske? A De minske en de natuer binne tige ferskillend. B De minske feroarsaket klimaatfersteuring. C De minske is ûnderdiel fan in grutter gehiel. D De minske kin him oeral op ’e wrâld thúsfiele.

opgave als beeld van het examen
“‘Dan soe ik it leafst in plant wêze wolle, mar hoe sjit ik woartel yn beton?’” (rigels 122-124) Hokker stylmiddel wurdt brûkt yn de slotsin fan de tekst? A byldspraak B irony C oerdriuwing D tsjinstelling
Wat is it wichtichste doel fan de skriuwer mei dizze tekst? A aktivearje B ferdivedearje C ynformearje D oertsjûgje
Wat is it wichtichste doel fan Nynke Laverman yn dizze tekst? A aktivearje B ferdivedearje C ynformearje D oertsjûgje

opgave 2Tekst 2 Fielst dy in Fries, Nederlanner of Europeaan?

181p
De earste sin fan de ynlieding boppe de tekst is: “Identiteit: Wa bisto?”
Hoe slút it ferfolch fan dy ynlieding dêr op oan?
A Der wurdt in antwurd op de fraach jûn.
B Der wurdt in miening oer de fraach jûn.
C Der wurdt in taljochting by de fraach jûn.
191p
Wat is de wichtichste funksje fan alinea 1?
A Alinea 1 jout in oanfolling op de fraach út de ynlieding boppe de tekst.
B Alinea 1 jout in opsomming fan alles dat past by de Fryske identiteit.
C Alinea 1 leit út wat in echte Fries is en wat in echte Fries docht.
D Alinea 1 stelt in fraach oer wat de Fryske identiteit no eins is.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 20 en 21.
Yn alinea 2 fertelt Mart dat er in better byld fan syn identiteit krige yn de
perioade dat er in protte reizge.
201p
Wêr waard dat byld better troch?
211p
Hokker foarbyld jout Mart fan in better byld fan syn eigen identiteit?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 22 en 23.
De alinea’s 3 en 4 geane oer ferskate eleminten fan Mart syn ideeën oer
identiteit.
221p
Hokker kopke past it bêste boppe alinea 3?
A Freonen
B Oerienkomsten
C Ofwikseling
231p
Hokker kopke past it bêste boppe alinea 4?
A Jinsels wêze
B Súdwesthoeker
C Thúskommen
241p
Hokker twa oerienkomsten tusken himsels en de minsken yn Starum
neamt Mart yn alinea 3?
251p
Hoe slút de sin “Syn grut … te stean.” (rigels 72-74) oan op it sinpart “nei
in … te gean.” (rigels 70-72)
A It is in ferklearring.
B It is in foarbyld.
C It is in konklúzje.
D It is in miening.
261p
“‘Ik genietsje fan dy frijheid en ôfwikseling.’” (rigels 86-87)
Hokker sitaat út alinea 3 ferklearret it bêste wêr’t frijheid en ôfwikseling
foar Mart op delkomme?
A “‘Ik haw ferskillende freonen troch Fryslân dêr’t ik mei omgean.’”
(rigels 74-76)
B “‘Ik haw net ien manier fan wêzen.’” (rigel 81)
C “‘Mart de reizger is oars as Mart dy’t op syn wurk is.’” (rigels 82-83)
271p
“In protte oerienkomsten mar ek ferskillen krij ik te hearren as ik it petear
oangean mei Sieuwke” (rigels 103-105)
Wat is it ferbân tusken dy sin en de foargeande alinea’s 2 oant en mei 4?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
282p
Yn alinea 5 fertelt Sieuwke dat in neidiel fan wenjen yn in doarp as De
Gaastmar is dat de sosjale kontrôle grut is. Dat betsjut dat minsken inoar
yn de gaten hâlde.
Hokker gefolgen fan dy situaasje neamt Sieuwke?
Jou trije gefolgen.
292p
Yn alinea 6 ferliket Sieuwke Sint Maarten mei it doarp dêr’t sy weikomt.
Jou ien oerienkomst en ien ferskil.
301p
“‘ik bin wol fleksibel.’” (rigels 153-154)
Lis út wat Sieuwke mei dy útspraak bedoelt.
Helje dyn antwurd út alinea 6.

opgave 3Tekst 3 Sinte Lucia yn Fryslân

311p
Wat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst?
De skriuwer wol de oandacht fan de lêzer lûke troch
A de lêzer nijsgjirrich te meitsjen.
B in antwurd op in fraach te jaan.
C in gearfetting fan de tekst te jaan.
D in persoan te yntrodusearjen.
321p
“Subsydzje mei neikontrôle, sis mar.” (rigels 28-29)
Wat bedoelt de skriuwer mei dy konklúzje?
De frou en bern fan Sinteklaas kontrolearje oft
A alle bern harren boartersguod wol fertsjinne hawwe.
B alle bern wol genôch boartersguod krigen hawwe.
C alle bern wol goed op harren boartersguod passe.
D alle bern wol wiis binne mei harren boartersguod.
331p
Hoe kaam Waling Dykstra neffens de skriuwer oan it ferhaal fan
Sintelesij?
A Hy hie it ferhaal fûn yn in Nederlânsktalich boek.
B Hy hie it ferhaal heard en dêrnei opskreaun.
C Hy hie it ferhaal sels betocht.
341p
Yn alinea 3 stelt de skriuwer de fraach “Mar kloppet dy ferklearring wol?”
(rigel 30)
Lis út wêrom’t de skriuwer dy fraach stelt.
351p
Wat is de funksje fan alinea 3?
A It is in anekdoate.
B It is in gearfetting.
C It is in probleemstelling.
D It is in útlis.
361p
Hokker bewearing docht de skriuwer yn alinea 3?
A Sintelesij hat har eigen feest.
B Sinte Merij is in suster fan Sintelesij.
C Sintelesij is de frou fan Sinteklaas.
371p
Wêrom waard Lucia straft?
Helje dyn antwurd út alinea 4.
381p
Alinea 5 jout ynformaasje oer Lucia har betsjutting as hillige.
Wat is symboalysk foar Sinte Lucia, neffens alinea 5?
391p
Der binne oerienkomsten tusken de persoanen Sinte Lucia en Sinteklaas.
Neam út alinea 6 ien oerienkomst.
401p
It feest fan Sintelesij/Sinte Lucia wurdt yn Skandinavië sjoen as it feest
fan ljocht.
Wêrom is dat it gefal?
Helje dyn antwurd út alinea 7.
411p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 7 en 8?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
421p
Wat binne de doelen fan de tekst?
A ferdivedearje en ynformearje
B ynformearje en oertsjûgje
C oertsjûgje en ferdivedearje
BBrroonnvveerrmmeellddiinngg
EEeenn ooppssoommmmiinngg vvaann ddee iinn ddiitt eexxaammeenn ggeebbrruuiikkttee bbrroonnnneenn,, zzooaallss tteekksstteenn eenn aaffbbeeeellddiinnggeenn,, iiss ttee vviinnddeenn iinn hheett bbiijj ddiitt eexxaammeenn
bbeehhoorreennddee ccoorrrreeccttiieevvoooorrsscchhrriifftt,.