bronnen

Eindexamen fries vmbo gl/tl 2019, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Heit fan ús mem

11p
Wat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst?
A De ynlieding besiket om de lêzer nijsgjirrich te meitsjen nei de tekst.
B De ynlieding jout ynformaasje oer ynstellingen dy’t in rol spylje yn de
tekst.
C De ynlieding lûkt op foarhân in belangrike konklúzje út de tekst.
D De ynlieding omskriuwt de oanlieding foar it skriuwen fan de tekst.
21p
Wat is it ferbân tusken de ynlieding en alinea 1?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in oanfoljend ferbân.
D It is in tsjinstellend ferbân.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 3 en 4.
Der wurde yn alinea 2 trije ûnderwerpen oan ’e oarder steld. Dat binne:
1 skilderwurk
2 oare keunst
3 thús
31p
Sitearje de sin dêr’t stik 2 mei begjint.
41p
Sitearje de sin dêr’t stik 3 mei begjint.
51p
Hokker oar ambacht fan Adema wurdt, njonken skilderjen en byldhouwen,
noch neamd yn alinea 2?
61p
Wat wie foar Adema de wichtichste motivaasje om it stânbyld Us Mem te
meitsjen?
A Hy fûn dat Fryslân as feeprovinsje sa’n stânbyld hawwe moast.
B Hy hie in ko fûn mei de ideale ôfmjittingen foar in stânbyld.
C Hy wist dat it Friesch Rundvee Stamboek in stânbyld hawwe woe.
D Hy woe krekt sa’n stânbyld meitsje as yn Rio de Janeiro.
71p
Yn de tekst wurdt beskreaun hoe’t it stânbyld Us Mem ta stân kommen is.
Dêr kin út ôflaat wurde dat it proses út rûchwei de neikommende stappen
bestie:
1 de klaai op it bonkerak plakke
2 de klaai wiet hâlde
3 de ôfmjittingen fan de ideale ko opnimme
4 fan it byld yn klaai in brûnzen ôfjitsel meitsje
5 kij steane model
Wat is de goede folchoarder fan de fasen fan it tastânkommen fan Us
Mem?
A 3-1-5-2-4
B 3-1-5-4-2
C 3-5-1-2-4
D 3-5-1-4-2
81p
Wat is it ferbân tusken alinea 5 en de earste sin fan alinea 6?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
91p
Adema wie persoanlik bot belutsen by syn stânbyld Us Mem.
Wêr die dat út bliken?
101p
Op hokker twa plakken hat it stânbyld fan Us Mem yn de rin fan de tiid
stien?
111p
Wat docht de skriuwer yn de lêste alinea?
A Hy formulearret in advys.
B Hy jout nije ynformaasje.
C Hy lûkt in konklúzje.
D Hy sjocht nei de takomst.
121p
De tekst kin yn twa parten ferdield wurde. It earste part giet oer Adema
syn wurk yn it algemien, it oare oer spesifyk ien keunstwurk.
Yn hokker alinea sit de omslach nei ien keunstwurk?
A yn alinea 3
B yn alinea 4
C yn alinea 5
D yn alinea 6
131p
Lês de neikommende beide bewearingen:
1 Yn 1949 wie de namme ‘Us Mem’ al betocht.
2 De ideale ko fan no hat deselde ôfmjittingen as Us Mem.
Kies de krekte útspraak oer beide bewearingen.
A 1 is wier, 2 is net wier.
B 1 is net wier, 2 is wier.
C 1 en 2 binne beide wier.
D 1 en 2 binne beide net wier.
141p
Lis út wat bedoeld wurdt mei de titel fan dizze tekst.
151p
In skriuwer kin by it skriuwen fan in tekst gebrûk meitsje fan
1 feiten
2 syn eigen miening
3 oarmans miening(en)
Wêr is yn dizze tekst foaral gebrûk fan makke?
A 1
B 2
C 3

opgave 2Tekst 2 De seefrou

161p
Hoe wurdt it ûnderwerp fan de tekst yn de ynlieding boppe de tekst
yntrodusearre?
troch it jaan fan
A in gearfetting
B in konklúzje
C in miening
D in opsomming
171p
“en waard Wijnstra troch Tresoar frege om as kadoboek in soartgelikense
samling te meitsjen” (rigels 13-15)
Hokker soartgelikense samling woe Tresoar graach dat Wijnstra
makke?
181p
“It folksferhaal kaam yn 1979 op Wijnstra syn paad.” (rigels 17-18)
Wat wurdt yn dizze tekst mei dy útspraak bedoeld?
191p
Ype Poortinga frege Wijnstra twa kear by de presintaasje fan syn boeken.
(alinea 2)
Hoe ferrûnen dy beide kearen?
A Wijnstra fertelde beide kearen inkelde ferhalen.
B Wijnstra lies beide kearen inkelde ferhalen foar.
C Wijnstra lies in kear foar en fertelde in kear ferhalen.
201p
“It repertoire... it folksferhaal.” (rigels 43-46)
Wat ûntduts Wijnstra doe’t er him mear yn de eftergrûn fan it
folksferhaal ferdjippe?
A dat ferhalen rûnom ûntstiene troch in ferlet fan treast en fertrouwen
B dat Fryske ferhalen de hiele wrâld oer gongen
C dat Fryske ferhalen ek yn Noard-Dútslân bekend wiene
D dat in protte eleminten fan de ferhalen ek yn tsjerklike ferhalen sieten
211p
Wat is it ferbân tusken it earste part (rigels 43-49) en it twadde part
(rigels 49-58) fan alinea 4?
A doel-middel
B oarsaak-gefolch
C stelling-argumint
D útspraak-foarbyld
221p
Yn alinea 5 stiet dat folksferhalen de minsken hâldfêst joegen op in wrâld
dy’t se net begriepen. (rigels 67-68)
Hokker oare funksjes fan folksferhalen wurde neamd yn de tekst?
amusearje en
A oer de heareboer en feint fan eartiids fertelle
B oer minsken dy’t dappere dingen diene fertelle
C op spottende wize oer de autoriteiten fertelle
231p
Hokker ferliking makket Wijnstra yn alinea 6?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 24 en 25.
“‘Nije folksferhalen kinst net skriuwe’” (rigels 98-99)
241p
Wêrom soe dat sa wêze?
A Folksferhalen binne altyd ferhalen fan lang lyn.
B Folksferhalen hawwe in tige komplekse struktuer.
C Folksferhalen passe net goed yn de moderne tiid.
D Folksferhalen wurde fan âlds mûnling trochjûn.
251p
Op hokker wize hat Wijnstra dat dochs besocht om te dwaan?
A Hy hat eleminten út folksferhalen oernommen yn syn nije ferhalen.
B Hy hat nuvere personaasjes ferskine litten yn in tal fan syn ferhalen.
C Hy hat safolle mooglik tiidleaze ûnderdielen brûkt foar syn nije
ferhalen.
D Hy hat syn ferhalen sa skreaun dat se gaadlik binne om foar te
dragen.
262p
“Dat hjoeddeiske karakter hat er lykwols net konsekwint tapast.”
(rigels 112-113)
Neam de twa redenen wêrom’t dat net dien is.
271p
Yn alinea 1 stiet oer de opdracht fan Tresoar: “By eintsjebeslút is it oars
útpakt.” (rigel 16)
Wat is oars útpakt?
281p
Hokker twa ferhalesamlers wurde, njonken Mindert Wijnstra, yn de tekst
neamd?
291p
Wat is de funksje fan it lêste part fan alinea 8 (rigels 117-121) yn relaasje
ta it earste part (rigel 112-117)?
A It is in advys.
B It is in beswier.
C It is in konklúzje.
D It is in útlis.
301p
In skriuwer kin by it skriuwen fan in tekst gebrûk meitsje fan
1 feiten
2 syn eigen miening
3 oarmans miening(en)
Wêr is yn dizze tekst gebrûk fan makke?
A 1 en 2
B 1 en 3
C 2 en 3
D 1, 2 en 3

opgave 3Tekst 3 Elektryske fyts

311p
Neffens de skriuwster gean minsken hjoed-de-dei oars mei hynders om as
eartiids.
Hokker feroaring neamt sy?
321p
“Hynders binne net mear nedich as ferfiermiddel, mar mear foar de hobby
en de wille. Dochs giet de bân tusken minske en hynder safier tebek dat it
net sa nuver is dat wy der gjin ôfstân fan dwaan kinne.” (rigels 21-26)
Wat is it ferbân tusken dy twa sinnen?
De twadde sin
A foarmet in opsomming mei de earste sin.
B foarmet in tsjinstelling mei de earste sin.
C jout in foarbyld by de earste sin.
D jout in konklúzje by de earste sin.
331p
Yn alinea 2 jout de skriuwster oan wat neffens har de reden is dat men
hast gjin man op in hynder sjocht.
Wat is dy reden?
341p
Wat fynt de skriuwster fan manlju op elektryske fytsen?
A Sy fynt dat se altyd haast hawwe.
B Sy fynt dat se asosjaal dogge.
C Sy fynt dat se der mâl útsjogge.
351p
Wêr ferwiist it wurd ‘dat’ yn rigel 51 nei?
361p
De skriuwster praat yn de tekst twa kear fan Netflix, in oanbieder fan films
en tv-searjes.
Wat is de reden dat sy Netflix yn har ferhaal behellet?
371p
Wat bedoelt de skriuwster mei “in stielen hynder” (rigels 53-54)?
381p
“Mar mannen... op Netflix.” (rigels 76-81)
Wat bedoelt de skriuwster dêrmei?
Sy bedoelt dat mannen
A harren net liede litte moatte troch allinne har miening.
B mar gewoan harren gong gean moatte, ek al jouwe se oerlêst.
C wat mear trochtraapje moatte lykas echte hurdfytsers.
391p
Hokker stylmiddel brûkt de skriuwster yn de slotsin fan de tekst
(rigels 79-81)?
A byldspraak
B irony
C oerdriuwing
D tsjinstelling

opgave 4Tekst 4 Altyd foar de wyn

401p
“Minsken op in e-bike fynt se mar suertsjes” (rigels 1-2)
Wêrom soe de skriuwster fan de tekst har eins net oansprutsen hoege te
fielen troch dy wurden?
A omdat sy gjin man op in e-fyts is
B omdat sy har goed hâldt op de e-fyts
C omdat sy krekt in stoere e-fytser is
411p
Hokker ferbân is der tusken de sin “No bin ik gjin man, mar ik fielde my
wol in bytsje oansprutsen.” (rigels 5-7) en it sinpart “Ik bin nammentlik
sa’n ‘suertsje’ op in e-bike” (rigels 7-8)?
It sinpart jout
A in ferklearring by de earste sin.
B in foarbyld by de earste sin.
C in gefolch fan de earste sin.
D in oardiel oer de earste sin.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 42 en 43.
“Ik fyn mysels bêst stoer en skamje my net foar myn elektryske foarkar!
Krekt oarsom: ik fyn e-fytsen machtich moai.” (rigels 10-13)
421p
Wêrom fynt de skriuwster harsels bêst stoer?
A omdat se ek mei min waar op de fyts stapt
B omdat se har neat oanlûkt fan de krityk
C omdat se hurder fytst as in protte manlju
D omdat se sûner wurden is troch it fytsen
433p
De skriuwster neamt yn de tekst in tal redenen wêrom’t sy graach op in
e-bike sit.
Helje fiif redenen út de tekst.
441p
Hokker kopke past it bêst boppe alinea 2 fan de tekst?
A Automobilisten
B Genietsje
C Miljeu
D Sportyf
451p
De skriuwster hat kommentaar op automobilisten.
Oer hokker automobilisten giet dat kommentaar foaral?
461p
Wat docht de skriuwster foaral yn de lêste alinea?
A Sy formulearret in advys.
B Sy jout nije ynformaasje.
C Sy lûkt in konklúzje.
D Sy sjocht nei de takomst.
471p
Wat soarte tekst is de tekst ‘Altyd foar de wyn’ it meast?
A It is in ferdivedearjende tekst.
B It is in ynformative tekst.
C It is in oantrunende tekst.
D It is in oertsjûgjende tekst.
De laatste vraag gaat over tekst 3 en tekst 4
481p
Wêrom reagearret de skriuwster fan tekst 4 op de skriuwster fan tekst 3?
A omdat sy de miening fan de skriuwster fan tekst 3 befêstigje wol
B omdat sy fynt dat de skriuwster fan tekst 3 wat oer de holle sjocht
C omdat sy it net iens is mei wat de skriuwster fan tekst 3 seit
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.