bronnen

Eindexamen fries vmbo gl/tl 2017, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Nije Oude Willem

11p
Yn de ynlieding boppe de tekst stiet: “De natuer krijt it foar it sizzen”.
Hokker byldspraak brûkt de skriuwer hjir?
A in ferliking
B in metafoar
C in metonymia
D in personifikaasje
21p
Wat is de funksje fan alinea 1?
It is it yntrodusearjen fan
A it begryp lânbou-enklave.
B it gebiet Oude Willem.
C it plan fan de twa provinsjes.
D it probleem fan de ûntginners.
31p
Oude Willem tanket syn namme oan in persoan.
Wa wie dy persoan eins?
42p
Hokker twa tsjinstelde ûntwikkelingen wurde beskreaun yn de alinea’s 1
en 2?
51p
Wêrom moat Oude Willem neffens de provinsjes Fryslân en Drinte syn
agraryske funksje ferlieze?
Oude Willem moat syn agraryske funksje ferlieze omdat
A boerelân en in natuergebiet net tegearre kinne.
B de agraryske aktiviteiten it omlizzende gebiet skea dogge.
C Oude Willem fan âlds in natuergebiet is.
D Oude Willem gaadlik wurde moat as natuergebiet.
61p
Wat is de relaasje tusken de alinea’s 2 en 3?
A Yn alinea 3 wurde de wichtichste oarsaken fan de yngrepen út alinea
2 neamd.
B Yn alinea 3 wurde ferwachte resultaten fan de yngrepen út alinea 2
neamd.
C Yn alinea 3 wurde inkelde neidielen fan de yngrepen út alinea 2
neamd.
D Yn alinea 3 wurde spesifike foarbylden fan de yngrepen út alinea 2
neamd.
71p
“‘Lânskip yn beweging’, neamt Bos dat.” (rigels 56-57)
Wêr doelt er hjir op?
De oerbliuwsels fan de agraryske bebouwing
A yrritearje de plannemakkers.
B krije in nije bestimming.
C litte de skiednis sjen.
D wurde mei de tiid fuorthelle.
81p
“Hy hat it liif fol fan de hâlding fan de oerheden” (rigels 65-67)
Wat wurdt dêr yn dizze tekst mei bedoeld?
A Hy begrypt noch hieltyd net wat de oerheden fan him wolle.
B Hy hat skjin syn nocht fan hoe’t de oerheden mei him omgean.
C Hy is teloarsteld omdat de oerheden nea mei him praat hawwe.
D Hy wol tige graach de winsken fan de oerheden neikomme.
91p
Wêrom wurdt noch op ien boerebedriuw buorke yn it gebiet Oude Willem?
Dêr wurdt noch buorke omdat
A dat bedriuw al sûnt 1916 bebuorke wurdt.
B der noch gjin oerienstimming is.
C it bedriuw in famyljebedriuw is.
D it bedriuw in protte jild opleveret.
101p
Beide provinsjes wolle graach dat meikoarten begûn wurdt mei it
tichtsmiten fan sleatten, it fuortheljen fan hikken en it graven fan in slinke.
(rigels 72-78)
Wêrom sil it dan noch jierren duorje foardat Oude Willem de
natuerwearde hat dy’t de inisjatyfnimmers foar eagen hawwe?
111p
Wat is de funksje fan alinea 6?
Alinea 6 jout
A in advys.
B in anekdoate.
C in foarsizzing.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 12 en 13.
Yn de tekst komme trije ûnderwerpen oan de oarder:
1 Plannen
2 Skiednis
3 Behinderingen
121p
By hokker alinea begjint de beskriuwing fan de skiednis?
A by alinea 2
B by alinea 3
C by alinea 4
131p
By hokker alinea begjint de beskriuwing fan de behinderingen?
A by alinea 4
B by alinea 5
C by alinea 6
141p
Wat is it wichtichste doel fan de tekst?
A ferdivedearje
B ynformearje
C oantrune
D oertsjûgje

opgave 2Tekst 2 In stoarm bringt Grouster rêder altiten Seelân yn it sin

151p
Wat is it ferbân tusken de lêste sin fan alinea 2 (rigels 15-19) en alinea 3?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in redenjouwend ferbân.
D It is in tsjinstellend ferbân.
161p
Haite Seldenrust wie noch jong yn de tiid fan de wettersneedramp.
Wêrom waard er dochs oan de groep taheakke?
A Haite foel yn foar in skou-eigener dy’t net meigie.
B Haite hie al in rydbewiis en waard dan ek reservesjauffeur.
C Haite wie betûft as rêder fan minsken dy’t te wetter rekken.
D Haite wie noch net troud en hoegde dus syn húshâlding net te ferlitten.
171p
“‘It wie eins net te begripen’” (rigel 44)
Wat wie net te begripen?
A dat fuort nei oankomst mei de rêdingsaksje begûn waard
B dat it wetter sa heech stie
C dat mei-inoar 1500 minsken rêden binne
D dat se yn sok min waar oan de slach giene
181p
Wat is de kearnsin fan alinea 4?
A “Hidde Halbertsma, destiids direkteur fan de Halbertsmafabriken, gie
ek mei en wie de grutte regeler.” (rigels 33-35)
B “Dêrnei waarden de Grousters nei Ooltgensplaat yn Seelân ta brocht.”
(rigels 38-40)
C “Yn trije dagen rêde de ploech goed 1500 minsken.” (rigels 41-43)
D “‘It wie eins net te begripen: wy fearen by de goaten fan huzen del.’”
(rigels 44-46)
191p
Hokker kopke past it bêste boppe de alinea’s 5 en 6?
A Rampgebiet
B Rêdingsaksje
C Slachtoffers
D Tiidneed
201p
“Trije dagen en nachten wiene Seldenrust en syn maten yn it spier.”
(rigels 66-67)
Troch hokker wurdgroep soest it sinpart ‘yn it spier’
ferfange kinne?
A drok dwaande
B yn it wetter
C slim siik
D ûnderweis nei hûs ta
212p
Hokker twa gefolgen hie de rêdingsaksje foar Haite neffens alinea 7?
221p
Wat is de haadgedachte fan alinea 8?
A By it weromsjen fan Ooltgensplaat wie it byld foar Seldenrust tige
oars.
B De Grousters wiene tsien jier lyn útnûge om werom te kommen.
C Seldenrust hat it lange tiid te swier fûn om werom te gean nei
Ooltgensplaat.
D Seldenrust wie sels net by de ûntbleating fan it monumint oanwêzich.
231p
“‘Yn 2003 … huzen op.’”(rigels 85-86)
Sitearje it sinpart dat ferbân hâldt mei dizze slotsin.
Helje dyn antwurd út alinea 4.
In skriuwer kin by it skriuwen fan in tekst gebrûk meitsje fan
1 feiten
2 syn eigen miening
3 oarmans miening(en)
241p
Wêr is yn dizze tekst gebrûk fan makke?
A 1 en 2
B 1 en 3
C 2 en 3
D 1, 2 en 3
251p
Wat binne de wichtichste doelen fan dizze tekst?
A ferdivedearje en ynformearje
B ferdivedearje en oertsjûgje
C ynformearje en oertsjûgje
261p
De titel fan de tekst is ‘In stoarm bringt Grouster rêder altiten Seelân yn it
sin’.
Wat foar krityk kinst op dy titel jaan?
Brûk alinea 1 by dyn antwurd.
272p
Yn de tekst wurdt de skiednis beskreaun oan ’e hân fan dingen dy’t bard
binne.
Set de sân dingen yn de goede folchoarder troch yn de útwurkbylage
de letters efter it goede sifer te setten.
a Der wurdt fee út it oerstreamde gebiet helle.
b De skouwen wurde op trailers rjochting Seelân brocht.
c Slachtoffers út de buert fan it doarp wurde út benaude posysjes helle.
d De Grousters betinke de ramp yn Ooltgensplaat.
e Boargemaster Renken ropt de Grousters op om skouwen beskikber te
stellen.
f De skouwen wurde mei in skip ferfierd.
g De Grousters rêde ynwenners fan Ooltgensplaat.
281p
Wêrom is it artikel krekt op dizze datum publisearre?
A omdat der in offisjeel monumint foar de rêdingsaksje ûntbleate waard
B omdat Haite Seldenrust graach op dat momint syn ferhaal fertelle woe
C omdat it 60 jier lyn wie dat de wettersneedramp yn Seelân begûn
D omdat it de deis foar de publikaasje alderferskuorrendst stoarme hie

opgave 3Tekst 3 In wettersneedramp kin him moarn foardwaan

291p
Hoe kaam it dat yn de nacht fan 31 jannewaris op 1 febrewaris 1953 de
diken it bejoegen?
301p
Hoefolle minsken kamen der by de wettersneedramp om?
A krekt 1835 minsken
B mear as 1835 minsken
C minder as 1835 minsken
D op syn minst 1835 minsken
311p
Yn hokker alinea’s wurdt yngien op wat minsken
dwaan moatte by in wettersneedramp?
A yn de alinea’s 1 en 3
B yn de alinea’s 1 en 4
C yn de alinea’s 2 en 3
D yn de alinea’s 2 en 4
321p
“Flechtsje kin dan net mear.” (rigel 12)
By hokker opmerking heart dy konklúzje?
331p
Op hokker natuerlike ympuls wurdt doeld yn alinea 2?
341p
Wêrom binne neffens de skriuwer Japanners by natuerrampen better taret
as Nederlanners?
351p
“‘Sjoch om dy hinne en tink nei: wêr kin ik hinne as it wetter komt?’”
(rigels 34-36)
Wat soe neffens de tekst it bêste antwurd op de fraach yn it sitaat wêze?
A gean fuort mei de auto
B gean yn dyn eigen wente
C gean nei in dyk ta
D gean nei in heech plak tichteby
361p
Hokker bewearing is wier neffens alinea 4?
A Huzen dy’t by in gat yn de seedyk steane, hawwe grutte kâns om yn te
stoarten.
B Huzen dy’t tichteby in seedyk steane, stoarte earder yn as huzen op
oare plakken.
C Huzen mei in soad minsken op ’e souder stoarte earder yn.
372p
Hokker twa warskôgingen jout Hoes yn alinea 5?
381p
Yn alinea 5 seit Hoes: “Alle rampen hawwe in omslachpunt” (rigels 55-56).
Wat bedoelt Hoes mei ‘omslachpunt’?
391p
“‘Wolsto dêr de hiele nacht stean mei it wetter boppe de mul, by in
temperatuer fan fjouwer graden en in bern op ’e earm?’” (rigels 67-71)
Wêrom stelt Hoes dizze fraach?
Hy wol hjirmei oanjaan dat
A der in risiko op mear dyktrochbraken bestiet.
B in echt grutte ramp him net foarsizze lit.
C it wichtich is om sa gau mooglik fuort te gean.
D op ’e tiid betocht wurde moat wêrhinne te flechtsjen.
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
401p
Yn de alinea’s 5 oant en mei 7 wurdt inkelde kearen it wurd ‘evakuaasje’
brûkt.
Wat wurdt dêr yn dizze tekst mei bedoeld?
A flechtsje by in oerstreaming neidat in dyk trochbrutsen is
B gefaarlike plakken en gebieten op plande wize ûntromje
C hoe te hanneljen as in ramp by nacht bart
D minsken by in ramp fuortstjoere út harren huzen
E romte meitsje yn de tichtbefolke Rânestêd
411p
De titel fan de tekst is: ‘In wettersneedramp kin him moarn foardwaan’.
Yn hokker alinea wurdt hjir ynhâldlik op yngien?
A yn alinea 3
B yn alinea 4
C yn alinea 5
D yn alinea 6
In skriuwer kin by it skriuwen fan in tekst gebrûk meitsje fan
1 feiten
2 syn eigen miening
3 oarmans miening(en)
421p
Wêr is yn dizze tekst benammen gebrûk fan makke?
A 1 en 2
B 1 en 3
C 2 en 3
D 1, 2 en 3
431p
Wat is it doel fan de skriuwer mei dizze tekst?
De skriuwer wol de lêzer
A ferdivedearje mei anekdoaten oer superstoarmen.
B ynformearje oer ferskillende soarten fan superstoarmen.
C oantrune om him goed te ferdjipjen yn superstoarmen.
D oertsjûgje net te maklik te tinken oer superstoarmen.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.