bronnen

Eindexamen fries havo 2026, tijdvak 1

bij dit examen

Let op! Antwoorden op open vragen mogen in het Fries of in het
Nederlands gegeven worden. Citeervragen moeten in het Fries
beantwoord worden.

opgave 1Tekst 1 Plan om Fryslân ‘it bêste lân fan d’ ierde’ te meitsjen

11p
Wat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst?
A Der wurdt in anekdoate jûn.
B Der wurdt in gearfetting formulearre.
C Der wurdt in oanlieding jûn.
D Der wurdt in skiednis sketst.
“It tilt … te meitsjen.” (ynlieding)
21p
Wat wurdt mei dy sin bedoeld?
A De beskreaune inisjativen tille Fryslân op nei in heger nivo fan
wolfeart.
B Der binne yn Fryslân in hiel soad inisjativen om de provinsje better te
meitsjen.
C It is belangryk dat der mear inisjativen komme om Fryslân sûner,
moaier en duorsumer te meitsjen.
“‘It binne hiel ferskillende tema’s, mar se hingje al mei-inoar gear’”.
(r. 17 en 18)
31p
Mei hokker sinpart út de ynlieding foarmet dy sin in tsjinstelling?
41p
Wat is it ferbân tusken de sin “Om dy … de inisjatyfnimmers.” (r. 20-23)
en it tekstpart “‘Nim no … oanpakt wurde.’”? (r. 23-30)
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
51p
Hokker tuskenkopke past it bêste boppe de alinea’s 3 en 4?
A Gearhing dúdlik meitsje
B Generaasje Fryslân 2035
C Positive Sûnens
D Problemen oplosse
“‘sjen litte dat it kin.’” (r. 34)
61p
Omskriuw yn eigen wurden wat bedoeld wurdt mei ‘it’.
“out-of-the-boxmaatregels”. (r. 35)
71p
Hokker foarbyld fan in maatregel wurdt yn de tekst jûn?
81p
Wat is gau it beswier dat neamd wurdt as yn Fryslân sûn iten goedkeaper
makke wurdt?
92p
Hoe komt it neffens Chris Borsten dat safolle minsken net-sûne
gewoanten oanhâlde?
101p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 8 en 9?
A Alinea 9 beskriuwt in oplossing by wat yn alinea 8 sein is.
B Alinea 9 is in nuansearring by wat yn alinea 8 sein is.
C Alinea 9 jout in betingst by wat yn alinea 8 sein is.
D Alinea 9 makket in ferliking by wat yn alinea 8 sein is.
111p
Wat is it ferbân tusken de sinnen “It hinne-en-wertennisjen … kânsen
genôch.” (r. 58-60) en de sinnen “‘De Boer … sintsje sette.’”? (r. 60-63)
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
122p
Beskriuw de tsjinstelling dy’t troch de transysje feroarsake wurde kin.
“‘Provinsje en gemeenten moatte de earms no echt om de transysje hinne
slaan.’” (r. 75 en 76)
131p
Watfoar stylmiddel wurdt dêr brûkt?
A ferliking
B metafoar
C metonymia
D paradoks
“‘De polityk hat beslist wol each foar de plannen fan GF 2035.’”
(r. 81 en 82)
141p
Hokker ynstânsje yn de polityk bedoelt Souverein dêr net mei?
“om de oergong hannen en fuotten te jaan.” (r. 90 en 91)
151p
Watfoar stylmiddel wurdt dêr brûkt?
A ferliking
B metafoar
C metonymia
D paradoks
161p
Lis yn eigen wurden út wat Rotmans bedoelt mei “‘slach de earms om de
gaos hinne’.” (r. 98 en 99)
“‘dêr’t se ynfloed útoefenje kinne.’” (r. 45)
171p
Sitearje út it ferfolch de twa opienfolgjende sinnen dêr’t út bliken docht
dat GF 2035 ynfloed op de polityk útoefenet.
In skriuwer kin by it skriuwen fan teksten gebrûk meitsje fan
1. feiten
2. syn eigen miening
3. mieningen fan oaren
181p
Wêr hat de skriuwer fan dizze tekst benammen gebrûk fan makke?
A allinnich fan 1
B allinnich fan 2
C allinnich fan 3
D fan 1 en 2
E fan 1 en 3
F fan 2 en 3
191p
Watfoar tekstsoarte is “Plan om Fryslân ‘it bêste lân fan d’ ierde’ te
meitsjen”?
A It is in redenearring.
B It is in skôging.
C It is in útiensetting.

opgave 2Tekst 2 De talerêder

201p
Wat is de wichtichste funksje fan alinea 1?
A Der wurdt in yntroduksje jûn.
B Der wurdt in miening jûn.
C Der wurdt in oanlieding jûn.
D Der wurdt in probleemstelling jûn.
211p
Wêrom past it Wangereachsk minder goed yn it rychje fan de lytse Fryske
talen?
A It eilân Wangereach leit yn Dútslân.
B It Wangereachsk hat gjin wurdboek.
C It Wangereachsk is gjin lyts Frysk dialekt.
D It Wangereachsk wurdt net mear praat.
221p
Wat sjocht Dyami Millarson as syn wichtichste taak by it Wangereachsk?
231p
Hokker tussenkopke past it bêste boppe alinea 2?
A Dysleksy
B Foarskiednis
C Gjin kontakt
D Skoalle
241p
Wêrom sjocht Dyami Millarson syn dysleksy as in útdaging?
252p
Wat is it grutte ferskil tusken hoe’t Dyami Millarson syn belutsenheid him
ferdjippet by oan de iene kant it Gryksk en Latyn en oan de oare kant it
Frysk?
262p
Beskriuw wat der feroare is yn hoe’t Dyami Millarson earst oanseach tsjin
it Frysk en letter.
271p
Hokker ‘magysk’ elemint hat it ûndersykjen fan in taal foar Dyami
Millarson?
281p
Wat is it ferbân tusken de sin “‘Myn hiel … oansluting hie.’” (r. 64 en 65)
en de sin “‘Ik tink … weromlutsen hawwe.’”? (r. 65-67)
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in redenjaand ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
“‘Om sa in brêgehaad nei de bûtenwrâld ta meitsje te kinnen’.”
(r. 71 en 72)
291p
Hokker byldspraak sit der yn boppesteand sitaat?
A ferliking
B metafoar
C metonymia
D personifikaasje
302p
Beskriuw it ferbân dat Dyami Millarson tusken de betsjutting fan syn
foarnamme en syn taak sjocht.
312p
Hokker dingen binne wichtich om ta in lytse taalmienskip talitten te
wurden?
322p
Neam de redenen wêrom’t lytse taalmienskippen neffens Dyami Millarson
hiel sletten binne.
331p
Hokker reaksje op de mondialisearring sjocht Dyami Millarson?
341p
Wêrom sjocht Dyami Millarson de rol fan AI as posityf?
351p
Wat is it ferbân tusken de sin “‘Der binne … gewaar wurden.’”
(r. 106 en 107) en de sin “‘Se moatte … te dwaan.’”? (r. 107 en 108)
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in redenjaand ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
361p
Wêr wol Dyami Millarson in bydrage oan leverje mei in Hylpersk
wurdboek?
“‘Ik bin der wis fan dat it al kin.’” (r. 123)
371p
Lis út wêr’t it wurd ‘it’ op weromslacht.
381p
Hokker doel hat Dyami Millarson benammen foar eagen mei syn ferhaal?
A ferdivedearje
B ynformearje
C oantrune
D oertsjûgje
391p
Hokker doel hat de skriuwer benammen foar eagen mei dizze tekst?
A ferdivedearje
B ynformearje
C oantrune
D oertsjûgje
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift.