bronnen

Eindexamen fries havo 2023, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Fan winsk nei wierheid

11p
Hokker funksje hat de ynlieding boppe de tekst?
A De ynlieding formulearret de gearfetting foarôf.
B De ynlieding formulearret de probleemstelling.
C De ynlieding formulearret in anekdoate.
D De ynlieding formulearret in konklúzje foarôf.
Yn de ynlieding boppe de tekst stiet: “stik foar stik hawwe de studinten in
oare eftergrûn en oare driuwfearren”.
21p
Lis yn eigen wurden út wat yn dizze kontekst mei it wurd ‘driuwfearren’
bedoeld wurdt.
De vragen 3 tot en met 8 gaan over Hiltsje Bloemhof. Zij komt aan het
woord in de alinea’s 1, 2 en 3.
31p
Wat wie it doel fan Hiltsje Bloemhof mei de oplieding?
Sitearje it tekstpart dat dat oanjout.
Yn alinea 2 fertelt Hiltsje Bloemhof oer in nije oanpak fan har wurk.
41p
Hokker útwurking hie dy oanpak foar har wurk yn it algemien?
Yn alinea 2 wurdt praat fan in surrealistyske wrâld (r. 38).
51p
Hokker wurden út alinea 2 slute ynhâldlik it bêste oan by ‘surrealistyske
wrâld’?
A in eigen wrâldsje (r. 30-31)
B in fiktyk lânskip (r. 31)
C in dreamlânskip (r. 39)
D in moaiere wrâld (r. 42)
De volgende inleiding hoort bij de vragen 6 en 7.
“‘Ik fyn it wichtich om dat gefoel troch myn wurk te dielen.’” (r. 51-52)
61p
Sitearje it wurd út alinea 2 dat oanjout hokker gefoel oft Hiltsje Bloemhof
bedoelt.
71p
Hoe leit Hiltsje Bloemhof dy útspraak yn it ferfolch fan alinea 3 út?
A mei in ûnderbouwing basearre op autoriteit
B mei in ûnderbouwing basearre op emoasje
C mei in ûnderbouwing basearre op moraliteit
“‘Soene se it wol begripe?’” (r. 60)
81p
Op wa wurdt doeld mei it wurd ‘se’?
Sitearje twa losse wurden út alinea 3.
De vragen 9 tot en met 12 gaan over Jack Visser. Hij komt aan het woord
in de alinea’s 4, 5 en 6.
92p
Hokker tsjinstelling sit yn it deistich wurk fan Jack Visser en syn wurk as
keunstner?
“‘Eb en floed dogge mei’” (r. 86)
101p
Hokker byldspraak sit der yn boppesteand sitaat?
A ferliking
B metafoar
C metonymia
D personifikaasje
111p
Hoe omskriuwt Jack Visser de posysje fan de minske foar de natuer oer?
Helje it antwurd út alinea 6.
Alinea 6 befettet meardere eleminten. It earste elemint is in winsk.
121p
Hokker opsomming jout de opbou fan alinea 6 nei dy winsk it bêste wer?
A advys-konstatearring-oprop
B fersyk-stânpunt-konklúzje
C konstatearring-útlis-stânpunt
D útlis-konklúzje-advys
De vragen 13 tot en met 17 gaan over Renée van Bezooijen. Zij komt aan
het woord in de alinea’s 7, 8 en 9.
131p
Hokker wurd jout neffens de tekst de oerienkomst oan tusken Renée van
Bezooijen har eardere wurk as taalwittenskipper en it tema fan har
ôfstudearwurk?
Basearje it antwurd op de alinea’s 7 en 8.
142p
Lis yn eigen wurden út wat it ferskil is tusken de wurkwize fan Renée van
Bezooijen as taalwittenskipper en hoe’t se har ôfstudearwurk makke hat.
Basearje it antwurd op de alinea’s 7 en 8.
“‘Ik hoopje dat minsken net allinnich de fariaasjes sjogge’” (r. 145-147)
151p
Hokker trije konkrete fariaasjes neamt Renée van Bezooijen yn it ferfolch
fan alinea 9?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 16 en 17.
“‘It moaiste is fansels as se dan ek harren gedrach oanpasse.’”
(r. 163-165)
161p
Sitearje út alinea 9 twa opienfolgjende sinnen dêr’t Renée van
Bezooijen yn oanjout hokker reaksje oft sy by de minsken oproppe wol.
171p
Op hokker wize hat Renée van Bezooijen yn har ôfstudearwurk besocht
om minsken der bewust fan te meitsjen dat dy gedrachsferoaring wichtich
is?
De vragen 18 en 19 gaan over de hele tekst.
181p
Wat wolle Jack Visser en Renée van Bezooijen by it publyk berikke mei
harren wurk?
A Jack Visser wol it publyk benammen oertsjûgje en Renée van
Bezooijen wol it publyk ek foar in part oantrune.
B Jack Visser wol it publyk foar in part oantrune en Renée van Bezooijen
wol it publyk benammen oertsjûgje.
C Beide wolle se it publyk benammen oantrune.
D Beide wolle se it publyk benammen oertsjûgje.
191p
Wat is it wichtichste doel fan dizze tekst?
A Beärgumintearje wat de driuwfearren binne foar it ôfstudearwurk fan
studinten oan de Kunstacademie Friesland.
B In byld sketse fan de hjoeddeistige keunstwrâld yn Fryslân.
C Lêzers yn de kunde bringe mei studinten oan de Kunstacademie
Friesland en harren wurk.
D Lêzers oerhelje om nei de útstalling fan eksamenwurk fan de
Kunstacademie Friesland te gean.

opgave 2Tekst 2 In Gouden Iuw fol earmoed

201p
Hokker funksje hat alinea 1?
A it fertellen fan in anekdoate
B it formulearjen fan de sintrale fraach
C it yntrodusearjen fan in saakkundige
D it jaan fan in gearfetting foarôf
211p
Hoe ferklearret Breuker wêr’t syn belangstelling foar skiednis weikomt?
A Hy hat nea leaud yn de yllúzje dat eartiids alles better wie.
B Hy hie as lyts jonkje al niget oan skiednis en woe der alles fan witte.
C Hy woe altyd begripe wêrom’t de werklikheid sa wie as dy wie.
Breuker wie yn de sechstiger jierren haad fan ’e skoalle yn Boazum.
221p
Wat wie neffens alinea 3 yn dat ramt wichtich foar Breuker?
231p
Hokker konklúzje past it bêste by it earste part fan alinea 5 (r. 55-65)?
A De ferskillende lânskipseleminten ynspirearren Breuker om him better
yn de omkriten te ferdjipjen.
B It wie earst pas nei in skoftke dat Breuker it lânskip better wist te
trochgrûnjen.
C Troch ynsjoch yn de struktuer fan it lânskip learde Breuker it gebiet
better kennen.
241p
Wat is it ferbân tusken “De petearen … fan Boazum” (r. 65-74) en it
foargeande part fan alinea 5 (r. 55-65)?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in oanfoljend ferbân.
C It is in oarsaaklik ferbân.
D It is in tsjinstellend ferbân.
Yn it tekstpart dat bestiet út de alinea’s 5 en 6 wurde ferskillende soarten
skreaune boarnen neamd dy’t Breuker rieplachte hat foar syn histoarysk
ûndersyk nei Boazum.
252p
Neam de fjouwer skreaune boarnen.
261p
Hat Breuker, neffens it tekstpart dat bestiet út de alinea’s 5 en 6, fan it
begjin ôf fan doel west om in boek oer de skiednis fan Boazum te
skriuwen?
Lis dyn antwurd út.
“En yn it digitale tiidrek is it argyf fan it Fatikaan ek tichtby.” (r. 86-88)
271p
Wat bedoelt Breuker mei boppesteande útspraak?
Breuker bedoelt dat
A er fynt dat it Fatikaan mei syn tiid meigiet.
B er leaver in echte reis nei it Fatikaan ta makke hie.
C er sels ynformaasje út it argyf fan it Fatikaan brûke koe.
D er tinkt dat it Fatikaan yn de opsomming thúsheart.
“Ut dy hûnderten losse fermeldingen rûnom wei hat er alle húshâldingen
út it ferjittersboek helje kinnen dy’t yn 1640 yn it doarp wennen.” (r. 88-92)
281p
Wat wurdt dêr bedoeld mei ‘út it ferjittersboek helje’?
292p
Hokker tsjinstelling oangeande Breuker syn wurk wurdt beskreaun yn
alinea 7?
Yn alinea 8 wurdt in oarsaak-gefolch-ferbân beskreaun mei it each op
smeudige anekdoaten.
302p
Neam de oarsaak en it gefolch.
“‘Gysbert skriuwt oer de merke, it keatsen en de brûkmen om berte en
stjerren hinne.’” (r. 142-144)
311p
Mei hokker earder neamde opienfolgjende wurden yn de alinea kinne
boppesteande foarbylden gearfette wurde?
Yn de alinea’s 9 en 10 wurdt beskreaun hoe’t de Gouden Iuw kwa wolfeart
ferrûn yn Boazum.
322p
Neam út it tekstpart fjouwer konkrete foarbylden dy’t hearre by de
beskriuwing fan doe’t it minder goed gie.
Yn de tekst wurdt de ein fan de 16de iuw en begjin fan de 17de iuw opdield
yn ferskate tiidrekken. De tiidrekken steane yn ûndersteand skema. Under
it skema steane trije beskriuwingen.
tiidrekken beskriuwing (letter) 1585 – 1630   1630 – 1650   nei 1650  
Beskriuwing a: tekoart oan jild en wenromte
Beskriuwing b: ûntjouwing en progresje
Beskriuwing c: djoerder libben en efterútgong
331p
Notearje yn it skema efter elts tiidrek de letter fan de bêst passende
beskriuwing neffens de tekst.
“De huzen … yn keamerwenningen.” (r. 168-170)
342p
Hokker twa oarsaken geane foarôf oan de gefolgen dy’t beskreaun binne
yn boppesteand sitaat?
“‘Ik stean op it stânpunt dat de maatskippij yn de perioade 1580-1630
sterk polarisearre wie.’” (r. 212-214)
351p
Hokker oarsaak dêrfoar kinst ôfliede út it tekstpart dat bestiet út de
alinea’s 11 en 12?
A de ferskillende streamingen dy’t ûntstiene nei de reformaasje
B de ferskillende posysjes fan minsken kwa wolfeart
C de ferskillen yn sosjale groepearringen yn de maatskippij
361p
Wat is it karakter fan it sitaat dêr’t de tekst mei ôfsletten wurdt?
A in advys
B in gearfetting
C in konklúzje
D in warskôging
Stelling: Breuker lit mei syn ûndersyk en boek sjen wat ‘In Gouden Iuw fol
earmoed’ betsjut.
371p
Hokker opienfolgjende alinea’s jouwe it bêste de befêstiging fan
boppesteande stelling oan?
381p
Lis yn eigen wurden út hokker tsjinstelling oft der yn de titel fan de tekst
sit.
391p
Wat is it wichtichste doel fan de skriuwer?
A De skriuwer wol Breuker ferslach dwaan litte fan syn ûndersyk nei
Boazum.
B De skriuwer wol mear ynformaasje jaan oer it libben yn Boazum yn de
santjinde iuw.
C De skriuwer wol sawol syn eigen fyzje as dy fan Breuker oer de
Gouden Iuw jaan.
401p
Wat is it wichtichste doel fan Breuker?
A Breuker wol de lêzer ferdivedearje mei ferhalen oer de perioade dat er
ûndersyk die yn Boazum.
B Breuker wol de lêzer ynformearje oer syn motivaasje foar en
útkomsten fan it ûndersyk.
C Breuker wol de lêzer oantrune om him mear te ferdjipjen yn de
skiednis fan it eigen wenplak.
D Breuker wol de lêzer oerstjûgje fan it belang fan it bestudearjen fan de
Gouden Iuw yn Fryslân.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift.