opgave 1Tekst 1 Fingerseintsje by Brahms wol 40.000 kear op en del
11pMei hokker begryp kin de funksje fan de ynlieding boppe de tekst it bêst
beneamd wurde?

definysje

doelstelling

konstatearring

miening
“Neffens Woldendorp … ynspanning ta” (r. 12-15)
21pWatfoar eftergrûn hat dizze bewearing fan refalidaasjedokter
Woldendorp?

in emosjonele eftergrûn

in empiryske eftergrûn

in morele eftergrûn
“Dy rjochtet … dwaan kinne.” (r. 26-28)
31pWêr ferwiist it wurdsje ‘dy’ nei?
41pWat wie de reden foar Woldendorp om him te spesjalisearjen yn
muzykblessueren?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 5 en 6.
Ut de twa foarbylden dy’t Woldendorp yn alinea 3 jout, falt ôf te lieden
wêrom’t er muzykmeitsjen topsport fynt.
62pIs Kalma it mei de refalidaasjedokter iens dat muzykmeitsjen topsport is?
Ljochtsje dyn antwurd ta mei it ynhâldlike argumint fan Kalma.
Yn alinea 4 wurde oarsaken foar it ûntstean fan blessueren jûn.
72pNeam de fjouwer oarsaken.
82pHokker blessueren fan in trombonist waarden earder yn de tekst neamd?
91pHoe slút alinea 5 ynhâldlik oan op alinea 4?

Alinea 5 jout in foarbyld by wat yn alinea 4 sein is.

Alinea 5 jout in nuansearring by wat yn alinea 4 sein is.

Alinea 5 jout in oanfolling by wat yn alinea 4 sein is.

Alinea 5 jout in útlis by wat yn alinea 4 sein is.
101pOp hokker wize kin de tekst it bêst typearre wurde?

It is in redenearring mei skôgjende eleminten.

It is in skôging mei útiensettende eleminten.

It is in útiensetting mei oertsjûgjende eleminten.
opgave 2Tekst 2 Lûden fertelle it ferhaal fan de omjouwing
111pWat is de wichtichste funksje fan alinea 1?
Yn alinea 1 wurdt

in anekdoate jûn.

in begryp útlein.

in koarte skiednis sketst.

in saakkundige yntrodusearre
Yn alinea 2 wurde twa ferskillende begripen beskreaun.
122pNeam beide begripen en jou by elk begryp in koarte beskriuwing.
“Ferskate lûden kinne inoar fersterkje en byinoar it ferhaal fan de
omjouwing fertelle.” (r. 28-30)
131pHokker stylfiguer brûkt de skriuwster hjir?

eufemisme

hyperboal

metonymia

personifikaasje
141pMei hokker formulearring fettet Andringa gear watst bûten hearst ast it lûd
fan ferkear fuorthellest (r. 38-40)?
Sitearje it sinpart út alinea 3.
151pMei hokker twa begripen kinst it ferbân tusken de alinea’s 4 en 5 oanjaan?

beskriuwing - redenen

ferskynsel - oarsaak

stânpunt - arguminten

útlis - nuansearring
162pNeam seis typysk Fryske lûden dy’t yn de tekst neamd wurde.
Helje dyn antwurd út alinea 6.
Alinea 7 kinst beskôgje as in útwurking fan in útspraak dy’t Andringa yn
alinea 5 dien hat.
171pSitearje de bedoelde útspraak.
181pWêrom is it neffens Andringa no wol in goede tiid om belied te meitsjen?
(r. 132-133)

omdat de impact fan lûd noch net serieus nommen wurdt

omdat de oanpak fan desibellen gjin súkses wie

omdat de oerheid him allinne mar fierder weromlûkt

omdat der in grut ferlet fan kwalitative ferbettering is
“‘de partisipaasjemaatskippij of - sa’t wy dat yn Fryslân ek wol neame - de
‘mienskip’.’” (r. 141-143)
191pSitearje it sinpart dat beskriuwt wat dêrmei yn dizze tekst bedoeld wurdt.
201pWat is it doel fan dizze tekst?

amusearje

ynformearje

ynstruearje

oertsjûgje
211pHokker doel hat Andringa benammen mei de dingen dy’t er seit?

amusearje

ynformearje

ynstruearje

oertsjûgje
De volgende inleiding hoort bij de vragen 22 tot en met 25.
De tekst kin ferdield wurde yn fjouwer tekstparten:
Tekstpart 1: alinea 1 oant en mei 3
Tekstpart 2: de alinea’s 4 en 5
Tekstpart 3: de alinea’s 6 en 7
Tekstpart 4: alinea 8 oant en mei 10
221pHokker tuskenkopke past it bêst by tekstpart 1?

Fragen oer soundscape

Krityk op soundscape

Resint ûndersyk nei soundscape

Utlis fan soundscape
231pHokker tuskenkopke past it bêst by tekstpart 2?

In nij 3D-lûdsysteem

Lûd en it ymmúnsysteem

Noflike lûden by terapy

Soundscape by soarchynstellingen
241pHokker tuskenkopke past it bêst by tekstpart 3?

Feroaringen yn lûden

Fryske lûden

Ynfloed fan lûd op fûgels

Lânskip en lûden
251pHokker tuskenkopke past it bêst by tekstpart 4?

De ynfloed fan globalisearring

Minder desibellen

Sintrale autoriteit

Werom nei noflike lûden
opgave 3Tekst 3 De wearde fan skiednis
261pWat is de funksje fan alinea 1?

it beskriuwen fan de oanlieding

it formulearjen fan it stânpunt fan de skriuwer

it jaan fan in gearfetting foarôf

it stellen fan in foar de tekst wichtige fraach
Yn alinea 2 wurde op figuerlike wize foarbylden beskreaun fan soarten
skiednis dy’tst yn in skiedniswinkel keapje kinne soest.
272pJou de twa wurden út alinea 2 dy’t skiednis as taastber guod oantsjutte.
“Dat sil skommelje as oandielen fan multynasjonals.” (r. 21-22)
281pHokker foarm fan byldspraak wurdt hjir brûkt?

ferliking

metafoar

metonymia

personifikaasje
De volgende inleiding hoort bij de vragen 29 en 30.
Yn alinea 3 jout de skriuwster antwurd op de fraach: “Wie skiednis eartiids
kostber?” (r. 23).
292pNeam de twa ûnderdielen dêr’t de fraach troch har mei beäntwurde wurdt.
301pHokker konklúzje kin men út it antwurd fan de skriuwster lûke?
311pHokfoar soarte arguminten wurde it meast jûn yn alinea 4?

autoriteitsarguminten

emosjonele arguminten

feitlike arguminten

morele arguminten
321pWat is it ferbân tusken de alinea’s 7 en 8?

It is in ferlykjend ferbân.

It is in opsomjend ferbân.

It is in redenjouwend ferbân.

It is in útlizzend ferbân.
Yn alinea 8 giet de skriuwster yn op in emosjonele funksje fan skiednis.
Yn de beskriuwing dêrfan sit yn tsjinstelling.
332pJou oan wat dy tsjinstelling is.
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
341pWat is de funksje fan alinea 9?

Alinea 9 jout in gearfetting fan de tekst.

Alinea 9 jout in konklúzje by de tekst.

Alinea 9 is in oprop oan de lêzer.

Alinea 9 is in warskôging foar de lêzer.
Nei it lêzen fan de hiele tekst kinst de fraach “Wat soe ‘skiednis’ dan
wurdich wêze?” (r. 4-5) beantwurdzje.
352pNeam de twa aspekten dêr’t de wearde fan skiednis neffens de skriuwster
út bestiet.
361pHokfoar soart tekst is “De wearde fan skiednis”?

It is in redenearring.

It is in skôging.

It is in útiensetting.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.